Tin-whistle
In tin-whistle is in lyts muzykynstrumint makke fan metaal. It hat seis fingergatten, dy't trije by trije steane. Omdat de tin-whistle in diatoanysk ynstrumint is, is it wenst foar elke toansoart in apart ynstrumint te brûken. It is ek mooglik mear, of sels alle toansoarten op ien fluit te spyljen, ûnder oare troch de gatsjes heal mei de fingers ôf te dekken. Dat wurdt lykwols ûnpraktysk as de bespile toansoart tefolle ôfwykt fan de toansoart fan de fluit.
It ynstrumint wurdt ek wol penny-whistle neamd troch syn lege priis: yn it Nederlânsk is dat in fluitje van een cent.
De grutte broer fan de tin-whistle is de Low-whistle. Dy is gewoan in slach grutter. Beide binne typysk Ierske en Folk-ynstumenten.