Tinus Osendarp
Martinus Bernardus (Tinus) Osendarp (Delft, 21 maaie 1916 - Heerlen, 20 juny 2002) wie in Nederlânsk atleet, dy't benammen sukses hie op de koarte ôfstannen.
Tinus Osendarp | ||
![]() | ||
![]() | ||
Tinus Osendarp yn 1936 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | 21 maaie 1916 | |
berteplak | Delft | |
stjerdatum | 20 juny 2002 | |
stjerplak | Heerlen | |
lingte | 1,78 m | |
gewicht | 80 kg | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Atletyk | |
ûnderdiel | sprint | |
earste titel | Ned. kampioen 100 m 1935 | |
O.S. | 1936 | |
ekstra | Ned. rekordhâlder 200 m 1936-1965, 4 x 100 m 1934-1963 | |
wichtige prestaasjes | ||
![]() ![]() ![]() |
Tinus Osedarp is berne yn Delft. Oant 1934 wie er njonken hurdrinner ek fuotballer, mar yn dat jier woe de KNAU him allinnich nei it Jeropeesk Atletykkampioenskip stjoere as er stoppe mei de fuotballerij.
By de Olympyske Spullen fan 1936 wûn Osendarp brûnzen medaljes op de 100 m. en 200 m. dêr't Jesse Owens earste waard. De Dútske parse lei der klam op dat er by de wedstriden de fluchste blanke west hie. Faaks hie ek in medalje op de 4 x 100m. estafette noch mooglik west, mar yn it gefjocht om it twadde plak waard it stêfke him út de hân stjitten.
By de Jeropeeske kampioenskippen fan 1938 wûn Osendarp de 100 m. en 200 m. Ek yn de kriich koe hy noch lang rinnen bliuwe om't it Dútske gesach syn rop fan fluchste blanke brûke woe.
Om't Osendarp by de plysje wie kaam er yn de Twadde Wrâldkriich by de Sicherheitstsjinst te wurkjen. Letter waarden syn âlden en hy lid fan de NSB, en waard er lid fan de SS. Hy die mei mei de jacht op it ferset, wie belutsen by seisentweintich arrestaasjes en hie mei de skuld oan dat tsien minsken de kriich net oerlibben. Yn 1948 waard er hjirfoar ta 12 jier finzenskip feroardiele, mar it duorre ta letter yn syn libben ear't er spyt krige fan syn opstelling yn de kriich.
Nei trije jier yn de finzenis waard syn straf fanwegen in tekoart oan personiel omsetten yn in wurkstraf yn de minnen yn Limburch. Osendarp waard tewurksteld yn Steatsmyn Emma by Hearlen. Nei't syn straf der op siet is Osendarp yn de myn wurkjen bleaun. Yn de sechstiger jierren wie Osendarp sprinttrainer fan tsienkamper Herman Timme.[1][2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|