Titicacamar
De Titicacamar is de grutste mar fan Súd-Amearika, mei in oerflak fan 8.340 km². It leit yn de Andes tusken Perû en Bolivia op 3.812 meter boppe de seespegel, en is de heechste kommersjeel befarbere mar fan de wrâld. Der rinne 25 rivieren yn de Titicacamar út, mar binne net fan bysûndere betsjutting. Yn de mar lizze 41 eilannen. Guon hjirfan binne tichtbefolke. De bekendste eilannen binne Isla del Sol, Amantany en Taquile.
Titicacamar | ||
geografy | ||
type wetter | mar | |
lokaasje | westlik Súd-Amearika | |
lân | Bolivia Perû | |
sifers | ||
maks. lingte | 190 km | |
maks. breedte | 80 km | |
oerflak | 8.340 km² | |
djiptegemiddelde | 140-180 m | |
djipste punt | 280 m | |
wetterfolume | 893 km³ |
De mar is yn twaen ferdield, in lytser mar ten súdeasten fan de haadmar is fia de Strjitte fan Tikwina mei de rest fan de mar ferbûn. Net fier fan de mar lizze de ruïnes fan de stêd Tiwanaku, dy't yn syn bloeitiid tusken 500 en 1000 n.Kr. Eigentlik leit in diel fan de stêd sels ûnder de wetterspegel.
Bekend binne de reideilannen fan de Uros-yndianen. Dizze eilannen binne makke fan reid (totorareid) dat oan de ouwers fan de Titicacamar groeit. Sa'n 40 eilannen wurde bewenne. De bewenners meitsje alles fan reid: huzen, húsrie, boaten ensfh. As de wetterstân heeech is, driuwe dizze eilannen. Sadree't it reid oan de ûnderkant fergiet, wurdt in nije laach oanbrocht. Oarspronklik wienen dizze eilannen de taflechtsoarde fan de Uros-yndianen foar de oplûkende Inka's. Tsjintwurdich libje de Uros fan de toeristen, dy't út Puno wei de eilannen besykje.
Sûnt Bolivia yn 1884 syn kuststrook oan Sily ferlear (sjoch: Salpeteroarloch), oefenet de Boliviaanske Marine yn de Titicacamar. It wetter fan de Titicacamar is licht sâlt. It measte wetter dat mei de rivieren de mar ynkomt, ferdwynt troch ferdamping. Mar in lyts part fan it wetter ferlit de mar fia de rivier Desaguadero om oer de Poopomar (dat folle sâlter is) út te rinnen op de sâltflaktes fan Uyuny (Salar de Uyuny en Salar de Coipasa), dêr't it wetter hielendal ferdampt en it sâlt efter bliuwt. Dit ferklearret wêrtroch't it westen fan Bolivia en it súdeasten fan Perû op in grutte heechflakte (Heechlân fan Bolivia) lizze: it wetter streamt nearne ôf nei de oseaan, sadat de rivieren har nea djip ynslite kind hawwe.
Oer de jierren hinne kin it peil fan de mar sterk skommelje. Yn 1986 stie it wetter sa heech dat der in soad oerstreamings wiene. Yn drûgere riten stiet it wetter bytiden wol seis meter leger.
-
Uro-Indiaanske yn in reiden boat op de Titicacamar
-
Satellytfoto Titicacamar
Keppeling om utens
bewurkje seksje- (in) Titicacameer