Titus Brandsma Museum
It Titus Brandsma Museum is in museum yn de stêd Boalsert, dat yn 1984 oprjochte is as it Dokumintaasjesintrum foar Roomsk-Katolyk Fryslân en yn 2001 syn hjoeddeistige namme krigen hat.
It museum is wijd oan de yn Oegekleaster berne Titus Brandsma (1881-1942), pater karmelyt, in soad fan syn aktiviteiten. Sa wied er sjoernalist, útjouwer, heechlearaar, woldogger, organisator, skoalleoprjochter en fersetsheld. It museum jout ek omtinken foar syn betsjutting foar dizze tiid .
Yn it museum binne spullen, brieven, ansichtkaarten, boeken, (earste printingen) en artikels, foto's, skilderijen en dokuminten oer Titus Brandsma.
Syn libben wurdt werjûn op in tsiental panielen. Elk paneel hat in taljochtsjende tekst yn it Frysk en Nederlânsk. De rûngong einiget by in wand fan keizelstienen, wêryn pater Titus nammeleas werjûn wurdt tusken de tûzenen dy't yn de Twadde Wrâldoarloch omkomd binne. Tusken de panielen steane fitrines mei in tal tige bysûndere spullen lykas de lêste skuon en lêste jas fan pater Titus, syn kanarje (opsetten) en in relykskryn.
Op de ferdjipping is in romte foar wikseltentoanstellings.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |