Tjalling van den Berg
Tjalling van den Berg (1948) is in Frysk-Nederlânske sportcoach en skriuwer fan boeken oer turnûnderwiis.
Eftergrûn
bewurkje seksjeVan den Berg folge in oplieding oan de ALO yn Grins en die dêrnei in coachkursus by it NOC*NSF. Dêrnei lei er him ta op it ûntwikkeljen fan it turnen en fan akrogym. Hy publisearre ferskate boeken oer turnûnderwiis en -begelieding. Ek joech er dêroer presintaasjes en workshops, ek yn it bûtenlân. Van den Berg wurke ek as coach foar de KNKB en de KNHS. Van den Berg is coach fan de ynternasjonale turnklassen fan it CIOS yn de Sportstêd It Hearrenfean en wurket fierder as jongereincoach by SK It Hearrenfean.
Van den Berg coachte ûnder oaren syn dochter Berber van den Berg, dy't ferskate nasjonale en ynternasjonale turntitels behelle.
Wurk (seleksje)
bewurkje seksje- 1982: Leer spelenderwijs turnen
- 1991: Turnen in beeld (lêste printing: 2007)
- 1991: Werkboek proevensysteem stimulering turnen en acro-gym
- 1994: Leer spelenderwijs turnen : de gymnastiekvereniging rond het jaar 2000
- 1998: Acrogym in beeld : acrogym, demogym, choreografie en tumblingspringen
- 2009: Coachen: vinden - binden - scoren De eco-coach. (2e printinge: 2010)
- 2015: ECO-Coachen A Way of life (mei Berber van den Berg)
- 2017: ECO-Coachen A Way of life folslein nije útjefte
Keppelingen om utens
bewurkje seksje- (ned) Webside Tjalling van den Berg
- Omrop Fryslân: Generaasjes: Berber en Tjalling van den Berg (dokumintêre))
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |