Tjallingastate (Hantum)

Tjallingastate wie in eigenierde state dy't benoarden de doarpsterp fan Hantum yn de gemeente Dongeradiel lei.

sitewaasje 2010

De oarsprong is ûnbekend. Yn Hantum liket yn de lette Midsiuwen gjin stins of haadlingeposysje west te hawwen. Wol wiene der inkele eigenierde staten en wennen der yn de iere Nije Tiid in tal eallju. Op it hiem fan de eardere state binne letter âlde stiennen fûn. Om it eardere stee stiet noch in beamsingel, hjirop leit ek sportkompleks “Yn ’e Bedelte”.

Eigeners/Bewenners

bewurkje seksje
  • 1450 NN Tjallinga en Sytthia Tammema
  • Pybe Kempema en Thede Tjallinga
  • Altzie te Lytsewier (Altzie Tjallinga)
  • fam. Fan Hettinga
  • 1640 Johan fan Hettinga
  • 1698 Johan fan Idsingea en Sytse Teeckes; brûker Hendrick Hendrixs
  • 1728 Johan fan Idsinga
  • 1832 Lambertus Dorhout

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Webstee oer states en stinzen
  • P.N. Noomen - De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, 2009
  • Herma M. van den Berg - De monumenten van geschiedenis en kunst, Noordelijk Oostergo, De Dongeradelen.
  • A. Algra - De historie gaat door het eigen dorp, sa. 1960