Tjede Peckes
Tjede Peckes (Padingbüttel-Oberstrich, om 1500 hinne - Wremen-Wremer Tief, 23 desimber 1517) wie in Woerstfrysk findeldraachster.
Peckes waard berne omtrint it jier 1500 yn Padingbüttel-Oberstrich as dochter fan in eigenerfde boer. Se wie lid fan in frouljusbeweging. De leden seagen harsels as folgelingen fan hillige Marije en de hillige Katarina, mar fersetten har as protest tsjin de tsjerke, om it kleaster yn te gean. (In soad jonge froulju gienen destiids yn it kleaster, as se gjin man fûnen of gjin sicht op wurk hiene.) Se bleaunen net-troud, om oan it politike libben meidwaan te kinnen. Sa wurke ek Tjede Peckes mei yn de Woerstfryske boererieden.
Doe't de Woerstfriezen har oan de ein fan 1517 fersetten tsjin de ekspânsjedrang fan de Bremer aartsbiskop Kristof fan Braunschweig-Lüneburg, stjoerde dy in grut leger fan hierlingen, om de opstân del te sabeljen.
Nei ferbittere gefjochten kaam it ta de Slach oan it Wremer Djip. Dêrby stelden har – neist manlju – ek in groep fan likernôch 500 fammen en froulje op tsjin de Bremer oermacht. Peckes droech it findel fan de Friezen, dêr't in ôfbyld fan de deade op stien hawwe soe. Op 23 desimber foel Tjede Peckes, doe't se oanfallen waard troch in soldaat mei in swurd. Hja wie doe santjin jier.
Har dea muoide keizer Maksimiliaan I, mei't hja neffens him de mem fan helden wurde kinnen hie.
Ferskaat
bewurkje seksje- Nei Tjede Peckes, dy't yn it Lân Woersten ek as "Jeanne d'Arc fan it noarden" beskreaun waard, waard in basiskoalle yn Wremen neamd.
- Op it Wremer Djip is op 27 jannewaris 2007 in plakette foar Peckes ûntbleate. De seremoanje waard yn it Nederdútsk holden.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |