Tjeerd Cornelis de Groot (Haarlim, 10 april 1968) is in Nederlânsk politikus fan D66. Sûnt 23 maart 2017 is er lid fan de Twadde Keamer.

Tjeerd Cornelis de Groot
Algemien
Berne 10 april 1968
Berteplak Haarlim
Partij D66
Titels Dr.
Politike funksjes
2017-hjoed Lid Twadde Keamer

Biografy bewurkje seksje

Tjeerd de Groot studearre bestjoerskunde oan de Ryksuniversiteit Leien en promovearre dêr op de 'JU-ûnderhannelings oer herfoarmings fan it Miene Lânboubelied'. Fan 1997 ôf wurke er by it Ministearje fan Lânbou, Natuerbehear en Fiskerij, en wurke er mei oan it meitsjen fan belied. Teffens wie er polityk adviseur fan minister Laurens Jan Brinkhorst (2000) en MT-lid fan de direksje Ynternasjonale Saken (2002-2005). Fan 2005 oant 2009 wurke er op de Nederlânske ambassade yn Berlyn by de lânbourie. Dêrnei wie er oant mid 2010 plakferfangend direkteur Ynternasjonale Saken op it ministearje. Hy waard direkteur fan de Nederlânske Suvel Organisaasje (NZO) oant er op 23 maart 2017 lid fan de Twadde Keamer waard.[1][2]

Yn de Twadde Keamer hat er de portefúlje lânbou en fiskerij, natuer, bistewolwêzen, fiedsel(produksje), krimp en toerisme. Yn septimber 2019 stelde er foar en ferminderje it Nederlânske feebeslach mei de helte, as oplossing foar de problemen dy't ûntstiene nei it troch de Rie fan Steat ûnjildich ferklearjen fan de Programma Oanpak Stikstof (PAS). D66 woe dêrmei "It útstjitten fan stikstof tsjin gean en wentebou mooglik meitsje".[3] Dy útspraken smieten in soad argewaasje op yn de lânbousektor en laten streekrjocht ta de boereprotesten yn it nijjier fan 2019.[4] Ek waard it Tjeerd de Groot kwea ôf naam doe't er by it NZO wie, er oantrúnde op mear suvel, en no oantrúnde op it ferminderjen fan it feebeslach.[5][6]

Tjeerd de Groot wennet yn Wâldsein.[7] Hy is fan Frysk komôf.[8]

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: