Tjepke Mulier (Boalsert, 22 septimber 1815 - Haarlim, 24 febrewaris 1883) wie soan fan Piter Mulier, ûntfanger fan de belestingen, lid fan Deputearre Steaten fan Fryslân, en fan Margaretha Haitsma.

Tjepke liet him op 23 juny 1834 ynskriuwe as juridysk studint oan it Ateneum yn Frjentsjer, waard nei syn promoasje abbekaat by it provinsjaal hof yn Ljouwert, direkteur-generaal fan de Suderseediken, wie troud mei Sijdske Banga (1815-1842) en wenne op Aylvastate by Wytmarsum.

Syn broer wie Johannes Haitsma Mulier, dy't him op 2 oktober 1831 ynskriuwe liet as studint oan de hegeskoalle yn Grins. Nei syn promoasje waard hy boargemaster fan Boalsert en ûntfanger fan Wonseradiels Suderseediken. Johannes wie troud mei Maria Louisa Ypey.
Harren soan Willem Dirk Haitsma Mulier (Boalsert, 28 augustus 1853 - Haarlim, 27 jannewaris 1912 ), wie luitenant by de kavalery, letter boargemaster fan Spaarndam. Op 1 april 1886 troude hy yn Ljouwert mei Wilhelmina Christina van Sytzama (Haarlim, 20 septimber 1857 - 23 april 1891).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • NNBW
  • Geslachtsregister van de familie Albarda, side 16