Tjipke Postma (Feanwâlden, 5 augustus 1866 – dêre, 18 juny 1956) wie in skipper en folksdichter.

Tjipke Postma

Hy sette him yn foar de binnenfeart en wie jierrenlang meiwurker oan De Schuttevaer. Hy wie ek in humoristysk folksdichter en meiwurker oan Fryske tydskriften. Hy wie skipper fan in houten skûtsje fan 20 ton, "Martsje", dat letter de namme "Johanna" krige. Yn 1913 waard de "Swanneblom", in izeren skûtsje fan 34 ton yn opdracht fan Postma makke. De "Swanneblom" waard 1924 foar Fl 2800 ferkocht en Postma kaam oan 'e wâl te wenjen. Yn 1939 krige er de earemedalje yn 't goud yn de Oarder fan Oranje-Nassau.

Postma troude mei Martje Osinga op 7 novimber 1891.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stichting Skiednis Feanwâlden e.o