Toalen (stêd)

(Trochferwiisd fan Toalen (plak))

Toalen (Nederlânsk en offisjeel Tholen) is in stêd op it eilân eilân Toalen, yn de gemeente Toalen, yn it easten fan de Nederlânske provinsje Seelân. It leit oan de westkant fan it Schelde-Rynkanaal, dat de grins foarmet mei de provinsje Noard-Brabân.

Stedhûs fan Toalen

Toalen wie in selsstannige gemeente oant 1971 en hie 8014 ynwenners op 1 july 2018. It plak ûntstie yn de 13e iuw by in tol oan it wetter Eendracht en krige yn 1366 stedsrjochten. De stêd hjit Toalen omdat der tol heft wurde koe.

Yn it earstoan wie der in tol by Schakerloo foar de skipfeart op de Striene. Greve Willem I liet in tol bouwe op de dyk fan de Vijftienhonderdgemetenpolder foar de skipfeart op de Eendracht dy't de rol fan wetterwei oernom. Dêromhinne ûntstie in delsetting dy't yn 1290 sels tolfrijheid krige. Dy ûntwikkele him ta it plak Toalen, dat omtrint 1366 stedsrjochten krige. Fiskerij en sâltsiederij wiene hjir de wichtichste boarnen fan bestean.

Yn 1452 waard de stêd teistere troch in grutte stedsbrân. Yn de 16e iuw hie Toalen te krijen mei ferskate oerstreamings. Yn de lêste desennia fan de 16e iuw wiene der godstsjinstskelen. Om 1577 hinne gie de stêd Toalen oer ta de reformaasje en kaam ûnder Steatsk gesach. Wyls wie de Tachtichjierrige Oarloch útbrutsen. Fanôf 1603 waard de stêd fersterke mei omwâlings en bastions, en gie de stêd diel útmeitsjen fan de Liny fan de Eendracht, rjochte tsjin Spanje. Ek yn de lettere oarloggen waard de festing noch brûkt, mar yn 1814 waard se opheft. Yn 1825 waard de âlde haven dimpt en kaam der in nije haven. Yn 1908 waard in nije fiskershaven iepene.

Yn 1928 waard in brêge oer de Eendracht yn gebrûk nomd dy't de feartsjinst ferfong. Yn de jierren '70 fan de 20e iuw waard de Schelde-Rynferbining troch de Eendracht oanlein. Dêroer waard yn 1971 in nije, hegere, brêge oanlein.

Toeristen kinne it histoaryske stedssintrum besichtigje en de Oosterschelde en nei it Zoommeer gean. Oan de Oesterdaam leit it rekreaasjeterrein 'de Speelmansplaten'. De Oosterschelde en it Zoommeer binne tige fûgelryk. Ek it histoaryske sintrum en de boskige, heuveleftige omjouwing fan Bergen op Zoom binne toeristyske bestimmingen yn de omkriten fan Toalen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: