Tobias Gutberleth
Tobias Gutberleth (Cruspers, Hessen, 1609 - Ljouwert, 1662) wie rektor fan de Latynske skoalle yn Ljouwert en dichter fan Latynske fersen, dy't fan syn soan Werner Gutberleth yn 1667 útjûn waarden.
Guthberleth is opwoeksen by syn omke Hindrik Gutberleth nei't syn âlden troch Kroaten fermoardde wienen. Hy wie boaske oan Geeske Brongersma (famylje fan Titia Brongersma).