Tochtsleat (Súdwest-Fryslân)

De Tochtsleat is in feart yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De feart rint fan de buorskip Lippenwâlde besuden De Hommerts bylâns de N 354 nei it noarden. Krekt foarby it eastliker lizzende Annewiel komt de sleat út by de Hofdyk.

De namme Tochtsleat jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Tochtsloot.