Thomas Robert (Tom) Daley (berne op 21 maaie 1994 yn Plymouth) is in Ingelske keunstdûker, dy't yn 'e âldens fan trettjin jier Europeesk kampioen waard. Mei in skoare fan 491,95 punten wûn er yn 2008 yn Eindhoven goud yn 'e finale fan it ûnderdiel 10 meter toer op it Europeesk kampioenskip swimmen, keunstdûken en syngroanswimmen. Daley is lid fan 'e Plymouth Diving Club.

Tom Daley
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte namme Thomas Robert Daley
nasjonaliteit Britsk
bertedatum 21.05.1994
berteplak Plymouth
sportive ynformaasje
sport keunstdûken
offisjele webside
tomdaley.komi.io

Op 'e Olympyske Simmerspullen 2008 yn Peking einigen Daley en syn partner Blake Aldridge as achtste op it ûnderdiel keunstdûken 10 m toer syngroan. Op 'e 10 m toer einige Daley as sânde. Yn july 2009 wûn Daley de gouden medalje op 'e 10 meter toer by de FINA-wrâldkampioenskippen yn Rome. Hy helle dêr in skoare fan 539.85 punten. Op 'e Olympyske Simmerspullen fan 2012 wûn er brûns en yn 2016 moast Daley op 'e nij tefreden wêze mei Olympysk brûns. Fiif jier letter, op 'e Olympyske Simmerspullen fan 2020 yn Tokio, wûnen hy en Matty Lee goud mei syngroandûken. Ek wûn er doe brûns op 'e 10 m toer.

By de iepening fan 'e Olympyske Simmerspullen 2024 yn Parys hold er mei roeister Helen Glover de flagge fan it Feriene Keninkryk. Tegearre mei Noah Williams wûn er doe in sulveren medalje op it ûnderdiel 10 m toer syngroandûke. De dei nei de ôfslutingsseremoanje kundige Daley yn in fraachpetear mei British Vogue in ein fan syn sportkarriêre oan.[1]

Daley sette op 2 desimber 2013 in fideoberjocht op YouTube, wêryn't er it boadskip die dat er sûnt dy maitiid in relaasje hat mei de Amerikaanske senarioskriuwer Dustin Lance Black. Hja trouden yn maaie 2017 en it pear krige yn juny 2018 in soan fan in draachmem. Harren twadde soan waard yn maart 2023 berne.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Tom Daley