Tom Pitstra
Tom Pitstra (Ljouwert, 6 augustus 1949) is in Nederlânsk politikus foar GrienLinks.
As soan fan in grafikus folge hy nei de middelbere skoalle de Kweekskoalle yn Ljouwert. Fan 1971 ôf studearre hy andragogy oan de Ryksuniversiteit Grins; yn 1979 studearre hy ôf. Yn syn jeugd wie hy in bekende tafeltennisser. As studint wie hy aktyf yn ferskate sosjale bewegings as de kreakbeweging en de wykried fan de Davidstraat-buert (1976-1982). Pitstra is oertsjûge republikein en is lid fan it Republikeinsk Genoatskip. Hy hat in LAT-relaasje mei Betsy Nieuwhof.
Politike libbensrin
bewurkje seksje- 1968 Lid fan de PSP, oant dy partij yn 1990 opgie yn GrienLinks.
- Foarsitter fan de PSP-ôfdieling Grinslân en lid fan it partijbestjoer fan de PSP
- 1982 - 1991 gemeenteriedslid yn Grins. * 11 juny 1991 - 12 juny 2001 lid fan de Earste Keamer foar GrienLinks, dêr't hy him ûnder oaren dwaande hâlde mei Definsje, Folkshûsfesting en Lânbou, Natuerbehear en Fiskerij.
- 12 juny 2001 - 23 maaie 2002 lid fan de Twadde Keamer, as opfolger fan Tara Singh Varma dy't fanwege psychyske problemen har sit opjûn hie.
- Dêrnei waard Pitstra projektmeiwurker Romtlike Oardering en duorsum bouwe.