Tongue (rivier yn Montana)
De rivier de Tongue (Assiniboin: Tacéži Wakpá, útspr.: [ta'ʧe:ʒi 'wakpa:]; Sjajinsk: Vetanoveo’he, útspr.: [vɪtanovɪoʔhɪ]) is in likernôch 426 km lange sydstream fan 'e rivier de Yellowstone, yn it súdeasten fan 'e Amerikaanske steat Montana en it noardeasten fan Wyoming, dy't in gebiet fan krapoan 14.000 km² ûntwetteret.
Tongue | ||
geografy | ||
lân | Feriene Steaten | |
steat | Montana Wyoming | |
ûntspringt yn | it Bighorn-berchtme | |
lokaasje boarne | noardlik Wyoming | |
mûnet út yn | de Yellowstone (rivier) | |
lokaasje mûning | by Miles City | |
sydstreamen | Pumpkin Creek | |
sifers | ||
lingte | 426 km | |
ôfwetteringsgeb. | 13.978 km² | |
ôffier (mûning) | 11 m³/s |
De Tongue ûntspringt yn 'e Bighornbergen fan Wyoming en rint troch noardeastlik Wyoming en súdeastlik Montana om by Miles City út te mûnjen yn 'e Yellowstone. Dêrby streamt de rivier troch in ferskaat oan lânskippen dat optilt fan natuerskientme, lykas it Nasjonaal Wâld Bighorn, it Ravyn fan de Tongue en it mei nullebeammen begroeide heuvellân fan Montana. Teffens foarmet de rivier de eastgrins fan it Noardlike Sjajinne Yndianereservaat.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |