Toppenish (Washington)

(Trochferwiisd fan Toppenish)

Toppenish is in stêd yn Yakima County yn de steat Washington, Feriene Steaten. It leit yn it Jakama Yndianereservaat en is ek it grutste plak yn dit reservaat. It hie neffens de folkstelling fan 2010 in ynwennertal fan 8949. It plak is bekend om syn rotstekenings.

Toppenish
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Washington
County Yakima County
Sifers
Ynwennertal 8949 (2010)
Oerflak 5,41 km²
Befolkingsticht. 1653,2 /km²
Hichte 231 m
Oar
Stifting 1887
Postkoade 98948
Tiidsône Pacific (PST)UTC-8
Simmertiid UTC-7
Offisjele webside
[1]
Panorama Toppenish

De earste bewenners wiene de Yakama-Yndianen. Yn 1855 waarden hja yn in reservaat twongen. Om de yndianen yn de Amerikaanske maatskippij te yntregrearjen, waarden reservaten opdield yn stikken lân, wêrby't yndividuele yndianen in stik lân ta wiisd krije koene. Dit wie ûnder de saneamde Lânferdielings Akte fan 1887 (General Allotment Act of 1887 of Dawes Act). Josephine Bowser Lillie wie ien fan de yndianen dy't lân tawiisd krige. Hja wie heal Jeropeesk en heal yndiaansk en waard wol de Mem fan Toppenish) neamd. Hja krige 32 bunder lân, dêr't hja 16 bunder ûntjûn hat foar opsplitsing om dy wer ôfsûnderlik te ferkeapjen. Dit wiene de earste grûnen dy't ferkocht waarden yn it reservaat. Foarhinne wie al it lân yn it reservaat mienskiplik yn namme fan de stam, net yndividueel. Yn 1883 waard it spoar oanlein en doe kamen der ek mear bewenners fan Jeropeesk komôf. Op 29 july 1907 waard Toppenish in gemeente (incorporated).

Ferkear en ekonomy

bewurkje seksje

Toppenish leit oan Rykswei 97 en leit 29 km súdeastlik fan Yakima. De lânbou is in wichtige boarne fan ynkomsten, lykas hops, hea, mais, beannen en sûkerbiten. Ek is it it kultureel sintrum fan it reservaat. Njonken it plak stiet it Legends Casino. Yn it sintrum binne in soad muorre skilderings oanbrocht op de muorren fan gebouwen mei skilderings oer benammen de skiednis fan it plak. De stêd hat in iepenbier skoalle systeem en it Yakama Yndianereservaat rint in priveeskoalle foar fuortset ûnderwiis. Sa'n 10 km bewesten is it Heritage University.

Keppeling om utens

bewurkje seksje