Treddegraads besibskip
(Trochferwiisd fan Trêdegraads besibskip)
In treddegraads besibskip of treddegraads sibskip is de bân fan bloedsibskip dy't men mei beskate minder direkte leden fan jins famylje ûnderhâldt. Dêrby giet it om 'e relaasjes mei jins oerpake en oerbeppe, oerpake- en -beppesizzer, âldomke en âldmuoike, âldomke- en -muoikesizzer, neef en nicht en healomke en healmuoike (de healbroer of -suster fan ien fan jins âlden). Mei treddegraads famylje dielt men 12½% fan jins genetysk materiaal.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |