Trajano Boccalini
Trajano Boccalini (Loreto, 1556 - Feneetsje, 26 novimber 1613) wie in Italjaansk skriuwer en satirikus.
Boccalini studearre yn Perugia en wurke hiel wat jierren as rjochter en administratyf meiwurker yn de pauslike tsjinst. Yn 1612 gie er nei Feneetsje, dêr't er "Ragguagli di Parnaso" publisearre, de beskriuwing fan in tinkbyldich keninkryk, dêr't Boccalini de gewoanten fan syn tiid yn bekritiseerde. Yn deselde libbene styl en mei likefolle bitende irony skreau Boccalini " Pietro del paragone politico" tsjin de Spaanske oerhearsking yn Italië. It wurk waard publisearre nei syn dea yn 1615 en oare boeken dy't oan him taskreaun waarden giene ek oer politike saken.
Twa wurken fan him waarden yn it Nederlânsk oerser troch Nicolaas Jarichides Wieringa en ferskynden yn 1669 en 1673 by Hero Galema yn Harns.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Boccalini, Trajano. |