Transfiguraasjekatedraal (Nizjni Novgorod)

De Transfiguraasjekatedraal (Russysk: Спа́со-Преображе́нский собо́р; Spaso Preobrazjenski sobor) is in russysk-otterdokse katedraal yn 'e Russyske stêd Nizjni Novgorod.

Aleksander Nevskikatedraal

Спа́со-Преображе́нский собо́р

Lokaasje
lân flagge fan Ruslân Ruslân
plak Nizjni Novgorod
adres Jarmarotsjni Projezd, 10
koördinaten 56° 19' N 43° 57' E
Tsjerklike gegevens
eparchy Nizjni Novogorod
Arsjitektuer
arsjitekt Auguste de Montferrand
boujier 1818-1822
boustyl Klassisisme
hichte 40 m
monumintale status Federaal monumint
monumintnûmer 521410055710006
Webside
Hiemside bisdom
Kaart
Transfiguraasjekatedraal (Nizjni Novgorod)
Transfiguraasjekatedraal

De katedraal is it âldste noch besteande gebou fan it âlde hannelsgebiet dat by Nizjni Novgorod oanlein waard nei de grutte brân fan 1816 op it âlde plak by it Makarjevkleaster.

 
Katedraal en klokketoer yn it begjin fan 'e 20e iuw.

Yn 1816 ferhûze de hannelsbeurs fan Makarjev nei Niznji Novgorod. Yn it ramt fan dy ferhûzing ûntwikkele Agustín de Betancourt de plannen foar de beursgebouwen op 'e lofter kant fan 'e Oka. Foar de bou fan in nije katedraal yn dat gebiet helle er Auguste de Montferrand nei Nizjni Novgorod, dy't ek de arsjitekt fan de Izaäkkathedraal yn Sint-Petersburch wie. Om't de bou fan 'e katedraal in soad oerienkomsten hat mei de Izaäkkatedraal en Monferrand mear ûntwerpen makke foar dy tsjerke, is it mooglik dat der foar de bou fan 'e katedraal yn Nizjni Novgorod ien fan syn âlde ûntwerpen brûkte.

De beurs wie mar in moanne iepen en de geastliken fan 'e katedraal hearden by de Transfiguraasjekatedraal yn it kremlyn, dêr't de ikoanen en it liturgyske reau ek fan brûkt waard.

Nei de foltôging fan 'e katedraal yn 1822 feroarsake de nije ikonostaze opskuor. De Italjaan Toricelli hie de ikoanen yn West-Europeeske styl skildere sûnder rekken te hâlden mei de otterdokse seden. In soad keaplju wegeren út skamte noch nei de tsjerke te gean, oaren namen eigen ikoanen mei. Lang om let krige de katedraal in nije ikonostaze fan 'e Russyske arsjitekt Vasili Petrovitsj Stasov.

 
Ynterieur.

Fanwegen de skuorren dy't ûnstienen troch de sompige grûn en de oerstreamings moast de katedraal tsjin it ein fan 'e 19e iuw restaurearre wurde. Nei de restauraasje waard de tsjerke op 31 july 1888 op 'e nij wijd. Yn 1899 drige de frijsteande klokketoer yn te stoarten en yn 1906 folge de bou fan in nije klokketoer yn 'e selde styl.

Oktoberrevolúsje

bewurkje seksje

Nei de Oktoberrevolúsje waard de katedraal sletten en oerdroegen oan in bedriuw. De Ried foar Religieuze Saken fan 'e Sovjet-Uny naam yn 1989 it beslút om de katedraal werom te jaan oan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke. De klokketoer fan 'e katedraal út 1906 waard yn 'e Sovjet-tiid ôfbrutsen.

Yn 1991 fûn de oerdracht fan de katedraal plak en dêrnei waard fuortendaliks mei in restauraasje en it opknappen fan 'e omjouwing útein set. Oant 2009 wie de katedraal de haadtsjerke fan it bisdom Nizjni Novgorod-Arzamas. Nei't de restauraasje fan 'e Aleksander Nevskikatedraal waard dy tsjerke de haadtsjerke fan it bisdom. Op 11 septimber fan itselde jier waard troch patriarch Kirill foar de katedraal in monumint ta neitins foar slachtoffers fan Tsjernobyl ûntbleate, dat in ingel mei krúste earms foarstelt. Op 'e graniten platen steane teksten út de Skrift en nammen fan slachtoffers.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Спасский Староярмарочный собор