Transgender Erotica Award

De Transgender Erotica Awards, soms ôfkoarte ta TEA en foarhinne bekend as de Tranny Awards, binne in groep Amerikaanske prizen dy't op jierlikse basis útrikt wurde foar de bêste transseksuële pornografy fan it foargeande jier. Dêrby leit de klam benammen op neakenfotografy en pornografyske films. De tawizing en útrikking fan 'e priis wurdt beävensearre troch de transseksuële pornografyske filmstudio Grooby Productions, en de earste útrikking fûn plak yn 2009. De útrikkingsseremoanje, dy't yn begjin maart yn Los Angeles holden wurdt, stiet ek wol bekend as de TEA Show.

Transgender Erotica Award
algemiene ynformaasje
hist. namme Tranny Award
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar transseksuële pornografy
útrikt troch Grooby Productions
frekwinsje 1x jiers
datum begjin maart
plak Los Angeles (Kalifornje)
1e útrikking 2009
offisjele webside
theteashow.com

Nominaasjes foar de Transgender Erotica Awards kinne troch sawol bedriuwen út 'e Amerikaanske pornoyndustry as troch fans yntsjinne wurde. De winners wurde neitiid útornearre troch in faksjuery dêr't sawol fans as filmprodusinten, pornoakteurs en profesjonele resinsinten fan transseksuële pornografy yn fertsjintwurdige is. Elts jier wurdt dy faksjuery gearstald út lju dy't der it foargeande jiers net diel fan útmakke hawwe. Under de aktrises dy't alris in Transgender Erotica Award wûnen, binne Eva Lin, Venus Lux, Vicki Richter, Hazel Tucker en Vaniity. Joey Silvera hat al fiif kear (2010, 2012-2014 en 2016) de Transgender Erotica Award foar bêste regisseur (dvd) wûn. Foar in folsleine list mei winners, sjoch op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.

Kategoryen bewurkje seksje

produksjekategoryen
technyske kategoryen
 
Chelsea Marie ûntfangt yn 2013 de priis yn 'e (no net mear besteande) kategory bêste alternative model.
artystekategoryen
spesjale en sponsore kategoryen

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.