De transistor is de wichtichste aktive healgelieder binnen de elektroanika. Hy fersterket of skeakelt benammen elektroanyske sinjalen. De transistor is de fûnemintele boustien fan kompjûters en in soad oare elektroanyske apparaten. Soms wurde transistors brûkt as ôfsûnderlike komponinten, mar se komme meast foar as ûnderdiel fan yntegrearre skeakelingen.

Transistors
 
In replika fan Bell Labs syn earste wurkjende transistor

De natuerkundige Julius Edgar Lilienfeld hie yn 1923 de earste wurkjende transistor boud en yn 1925 in patint foar de earste transistor yn Kanada oanmelden, dat in apparaat beskreau dat oerienkomt mei in FET.[1] Hy hie lykwols gjin ûndersyksartikels skreaun oer dy transistor. Yn 1934 hat de Dútske útfiner Oskar Heil in patint krigen foar in fergelykber apparaat.[2]

Yn 1947 ûntdekten John Bardeen en Walter Brattain yn Bell Labs fan AT&T yn de Feriene Steaten dat wannear't elektryske kontakten oan in Germaniumkristal fêstmakke wurde, it fermogen oan de útgong grutter wie as dy oan de yngong. De lieder fan de groep "Fêste Stof Fysika" William Shockley ûnderkende it belang fan dy ûntdekking en binnen de folgjende maonnen waard in soad wurk fersetten om de kennis oer healgelieders út te wreidzjen en dêrom wurdt hy wol sjoen as de "heit fan de transistor". De term "transistor" waard betocht troch John R. Pierce.[3]

Neffens de wittenskipshistoarikus Robert Arns hat Bell Labs juridyske dokumintaasje dy't oantoant dat William Shockley en Gerald Pearson wurkjende ferzjes fan apparaten basearre op Lilienfelds patinten boud hawwe, mar dat se dêroan nea referearre hawwe yn wittenskiplike en histoaryske publikaasjes.[4]

De earste op silisium basearre transistor waard makke troch Texas Instruments yn 1954.[5] Dat wie it wurk fan Gordon Teal in ekspert yn it produsearjen fan tige suvere kristallen, dy't dêrfoar by it Bell laboratoarium wurke.[6]

De earste MOS-transistor waard boud troch Kahng en Atalla yn it Bell Laboratoarium.[7]

Yn 1956 krigen John Bardeen, Walter Brattain en William Shockley de Nobelpriis foar de Natuerkunde foar harren ûndersyk nei healgelieders en de ûntdekking fan it transistoreffekt.[8]

De namme transistor is neffens in technysk memorandum fan Bell Labs út 1948 in gearlûking fan de Ingelske wurden "transfer", of "transconductance", (oerdracht) en "varistor" (fariabele wjerstân, variable resistor)[9], betocht troch John R. Pierce in kollega fan Bardeen dy't sciencefictionboeken skreau (Bardeen ± 1965, priv. comm.)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Lilienfeld, Julius Edgar, "Method and apparatus for controlling electric current" Berjocht:US patent 1930-01-28 (filed in Canada 1925-10-22, in US 1926-10-08).
  2. Heil, Oskar, "Improvements in or relating to electrical amplifiers and other control arrangements and devices", Patent No. GB439457, European Patent Office, filed in Great Britain 1934-03-02, published 1935-12-06 (originally filed in Germany 1934-03-02).
  3. David Bodanis, Electric Universe; útj. Crown Publishers, New York, 2005|isbn=0-7394-5670-9
  4. Arns, Robert G. 1998, The other transistor: early history of the metal-oxide-semiconducor field-effect transistorScience and Education Journal
  5. J. Chelikowski, "Introduction: Silicon in all its Forms", Silicon: evolution and future of a technology (Editors: P. Siffert, E. F. Krimmel), p.1, Springer, 2004 ISBN 3-540-40546-1.
  6. Grant McFarland, Microprocessor design: a practical guide from design planning to manufacturing, p.10, McGraw-Hill Professional, 2006 ISBN 0-07-145951-0.
  7. W. Heywang, K. H. Zaininger, "Silicon: The Semiconductor Material", Silicon: evolution and future of a technology (Editors: P. Siffert, E. F. Krimmel), side 36, Springer, 2004 ISBN 3-540-40546-1.
  8. Histoarysk artikel fan it American Institute of Physics
  9. Sjoch dizze ôfbylding fan it memorandum fan 28 maaie 1948.