Trapped Under Ice

Trapped Under Ice is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Metallica yn 1984 en útbrocht op it twadde album fan Metallica Ride the Lightning 1984. Trapped Under Ice wie it fiifde nûmer op it album.

Trapped Under Ice
algemiene ynformaasje
artyst Metallica
album Ride the Lightning
taal Ingelsk
sjenre Metal
útbrocht 27 july 1984
opnommen 20 febrewaris14 maart, 1984
doer 4:04
label Megaforce
skriuwer James Hetfield,
Lars Ulrich,
Kirk Hammett
produsint Metallica,
Flemming Rasmussen,
Mark Whitaker

Oer it nûmer bewurkje seksje

Trapped Under Ice giet oer in persoan dy 't wekker wurdt út in ynferzen tastân. Him realiserend dat der nearne hinne kin en gjinien te help komme sil, wachtet de persoan helpleas op oankommende ûnheil. De yntro-riff fan it nûmer is skreaun troch Kirk Hammett doe't er spile by Exodus, en komt fan in demo mei de namme Impaler, dy't letter útbrocht waard op it album Tempo of the Damned út 2004.

Muzikanten bewurkje seksje

  • James Hetfield – Sang & Gitaar
  • Kirk Hammett – Gitaar
  • Cliff Burton - Bas
  • Lars Ulrich – Drums