Trent (rivier)
De Trent is mei in lingte fan 297 kilometer de tredde rivier fan Grut-Brittanje. De boarne leit oan de súdrâne fan it Biddulph Moor, op 275 m. boppe seenivo, yn it greefskip Staffordshire. De Trent streamt troch de Midlands (dêr't er yn it ferline in wichtige grins tusken it noarden en suden fan Ingelân forme) en mûnet mei de Ouse út yn de Humber en sa yn de Noardsee.
De Trent is de iennige rivier yn Ingelân dy't nei it noarden rint. De wichtichste sydrivieren binne de Derwent, Soar en Tame. De grutste plakken oan de rivier binne: Stoke-on-Trent, Burton-upon-Trent, Nottingham en Newark.
-
De Trent yn Nottingham
-
De Trent en Gainborough Riverside
-
De Trent Aegir by West Stockwith, Nottinghamshire