Trente (Italjaansk: Trento; Dútsk: Trient) is in stêd en gemeente yn it noarden fan Itaalje. It is ek de haadstêd fan 'e regio Trentino-Súd-Tiroal en fan 'e provinsje Trente. Trente is in universiteitsstêd.

Trente
Trento
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Itaalje Itaalje
Regio Trentino-Súd-Tiroal
Provinsje Súd-Tiroal
Sifers
Ynwennertal 119.097 (30.06.2024)
Oerflak 157,88 km²²
Hichte 194 m boppe seenivo
Oar
Postkoade 38121-38122-38123
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 46° 04' N 11° 07' E
Offisjele webside
www.comune.trento.it
Kaart
Trente (Itaalje)
Trente

De stêd leit yn 'e delling fan 'e rivier de Adige, likernôch 150 km fan 'e boarne fan 'e rivier en 250 km fan 'e mûning. Trente leit 55 km súd fan Bolzano en 95 km noard fan Verona.

 
Gemeentlike yndieling fan Trente.

De gemeente Trente is yn 12 bestjoerlike distrikten ferdield: Gardolo, Meano, Bondone, Sardagna, Ravina-Romagnano, Argentario , Povo, Mattarello, Villazzano, Oltrefersina, San Giuseppe-Santa Chiara en Centro Storico-Piedicastello. Likernôch de helte fan 'e befolking fan 'e gemeente wennet net yn 'e stêd mar yn ien fan 'e doarpen of op it plattelân. Fan 'e doarpen bûten de stêd is Gardolo mei in ynwennertal fan likernôch 12.500 (2004) it grutste plak.

Oarspronklik wie Trente in Keltyske stêd, dy't letter troch de Romeinen (Tridentum) oermastere waard. Iuwen bleau de stêd de sit fan it selsstannige prinsbisdom Trente. Nei de fal fan it Westromeinske Ryk waard Trente oermastere troch de Ostrogoaten, de Byzantinen, de Lombarden en de Franken oant Trente lang om let ûnderdiel fan it Hillich Roomske Ryk waard.

 
Konsylje fan Trente.

Yn 1475 ferdwûn yn 'e jûn foar Goed Freed Simonino, in jonkje fan trije jier. Al gau tochten de minsken dat it jonkje fermoarde wie troch joaden, om it bloed fan it jonkje foar rituele doelen ôf te taapjen. Acht joaden waarden nei tamtaasje op 'e brânsteapel set en harren famyljes moasten har ta it kristendom bekeare. It jonkje waard letter lokaal as Simon fan Trente as hillige fereare.

Yn 'e 16e iuw waard yn Trente it Konsylje fan Trente (1545-1563) holden, dat de oanlieding joech ta de kontrareformaasje. It eigenskipswurd 'Tridentynsk' (lykas yn Tridentynske misse) slacht letterlik op Trente, mar kin ek ferwize nei dat spesifike barren. Ien fan 'e opfallende prinsbiskoppen yn dy tiid wie Bernardo Clesio, dy't de stêd fan 1514 oant 1539 bestjoerde en der yn slagge om it konsylje nei Trente te heljen. In oare opfallende prinsbiskop wie Cristoforo Madruzzo (dy't fan 1539 oant 1567 regearde) en lykas Clesio ek in betûft bestjoerder en humanist út de renêssânsetiid wie. Under Clesio makke de stêd in grutte bloei mei en waarden tal fan nije gebouwen delset. Trente hie yn dy tiid ek in joadske printerij. Yn 1558 joech Madruzzo oan de Dútske rabbyn Joseph Ottolengo it foarrjocht om Hebriuwske boeken te printen.

 
18e-iuwske houtgravuere mei de muorren fan 'e stêd.

De prinsbiskoppen bestjoerden Trente oant de Napoleontyske tiid. Dêrnei wiksele it bewâld regelmjittich. Nei de delgong fan Napoleon yn 1814 waard Trente troch it Habsburchske Ryk anneksearre. Tenei waard Trente bestjoerd troch it sekuliere bestjoer fan Tiroal. Yn 'e jierren dêrnei waarden it bestjoer en de ekonomy modernisearre en yn 1859 waard it earste spoar yn 'e delling fan 'e Adige iepene.

Yn it lêste part fan 'e 19e iuw waarden Trente en Triëst, stêden mei in etnysk-Italjaanske mearderheid dy't noch jimmeroan by de Eastenrikers hearden, ikoanen fan 'e Italjaanske irridentistyske beweging. Mar alhoewol't de befolking wol mear autonomy winske, bleau de mearderheid dêrfan, fral op it plattelân, trou oan it Habsburchske Ryk. Benito Mussolini wurke yn 1909 foar in koart skoft by in lokale krante, mar ferliet Trente al gau om 't it harren net slagge in anty-Eastenrykske groep op te setten.

Yn 'e Earste Wrâldkriich waard Trente in fêstingstêd en in bolwurk fan it Eastenryksk-Hongaarske súdfront. De grutte mearderheid fan 'e soldaten út it gebiet focht yn it Eastenryks-Hongaarske leger, in lytse minderheid melde him by it Italjaanske leger. De stêd waard ferdigene troch in grut tal forten, dy't noch jimmeroan oanwêzich binne en dy't besjoen wurde kinne. Yn 'e oarloch waard de regio slim troffen en in pear grutte slaggen waarden útfochten yn 'e omlizzende bergen. Nei de oarloch waarden Trente tegearre mei Bolzano (Bozen) neffens it Ferdrag fan Saint-Germain troch Itaalje anneksearre.

Tusken novimber 1944 en april 1945 waard Trente by de Slach om de Brenner bombardearre. De Dútsers befoarrieden de saneamde Goatenlinly oer it spoar fan 'e Brennerpas. De alliearden fierden missy's boppe doelen út fan Verona oant de Brennerpas, wêrby't 10.267 ton oan bommen smiten waarden. Dochs bleau it grutste part fan 'e midsiuwske stêd fan Trente sparre. Op 3 maaie 1945 waard de stêd befrijd.

Sûnt de jierren 1950 bloeide de ekonomy fan sawol de stêd as de provinsje Trente. De regio heart ta de meast tierige gebieten fan it lân. De provinsje Trente hat lykas ek de provinsje Súd-Tiroal in grutte mjitte fan autonomy.

It besjen wurdich

bewurkje seksje
 
Castello del Buonconsiglio.

It histoaryske sintrum fan Trente is net grut en de measte gebouwen út de lette midsiuwen en renêssânse binne hjoed-de-dei restaurearre. In part fan 'e midsiuwske stedsmuorren bleau mei in rûne toer bewarre op it Piazza Fiera. Ea omklammen dy muorren de hiele stêd en wiene se ferbûn mei it Castello del Buonconsiglio.

 
Pallazo delle Albere, de simmerresidinsje fan 'e prinsbiskoppen.

De belangrykste monuminten binne:

  • De Cattedrale di San Vigilio (Sint-Vigiliuskatedraal) of Duomo di Trento (Domtsjerke fan Trente) (12e–13 iuw), in romaansk-goatysk gebou op it plak fan in eardere let-romeinske basilyk.
  • It Piazza Duomo (1767–1768) mei renêssânse gebouwen en de let-barokke Fontana di Nettuno (Neptunusfontein).
  • De Santa Maria Maggiore (1520), dêr't de tredde faze fan it Konsylje fan Trente (april 1562 - desimber 1563) holden waard.
  • It Castello del Buonconsiglio (Buonconsiglio kastiel) út de 13e iuw mei de Torre dell'Aquila en in syklus fan goatyske fresko's dy't yn opdracht fan prinsbiskop Georg von Lichtenstein oanbrocht binne.
  • De San Pietro (12e iuw) mei in neogoatyske gevel út 1848–1850.
  • De goatyske Sant'Apollinare (13e century).
  • De San Lorenzo (12e iuw) mei in romaanske apsis.
  • De Torre Verde (Griene Toer) oan 'e rivier de Adige.
  • Palazzo delle Albere (Paleis fan 'e beammen), in renêssânse filla by de Adige út healwei de 16e iuw, no in museum foar moderne keunst.
  • Palazzo Pretorio (12e iuw), fuort by de domtsjerke, mei in klokketoer (Torre Civica) út de 13e iuw. Oant healwei de 13e iuw wie it Palazzo Pretorio de residinsje fan 'e prinsbiskoppen.
  • Palazzo Salvadori (1515) is ien fan 'e ierste renêssânse sekuliere bouwurken fan Trente.
 
Muorrebeskildering Palazzo Geremia.
  • Palazzo Geremia (15e iuw) mei in renêssânse eksterieur en in goatysk ynterieur.
  • Palazzo Lodron, boud yn 'e tiid fan it Konsylje fan Trente. Yn it paleis is in grutte freskosyklus te sjen.
  • Fan 'e Romeinske stêd binne op ferskillende plakken ûndergrûnske resten fan strjitten en filla's te sjen (Via Prepositura en Piazza Cesare Battisti).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Trento