Trije-ienheidskatedraal (Saratov)
De Katedraal fan de Hillige Trije-ienheid (Russysk: Троицкий собор; Troitsjki sobor) is in otterdokse katedraal op it Museumplein yn it sintrum fan 'e russyske stêd Saratov.
Trije-ienheidskatedraal
Троицкий собор | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Saratov | |
plak | Saratov | |
koördinaten | 51° 31' N 46° 03' E | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1689-1695 | |
boustyl | Moskouse- of Narysjkin-barok | |
monumintale status | Federaal monumint | |
monumintnûmer | 641420046540006 | |
Webside | ||
Side katedraal | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe earste oan 'e Trije-ienheid wijde tsjerke wie fan hout en waard yn 'e jierren 1674-1675 boud. Tsien jier letter baarnde dy tsjerke ôf by in stedsbrân. De bou fan in stiennen en de hjoeddeiske tsjerke sette yn 1689 útein. De benedentsjerke waard oan 'e himelfeart fan de Mem Gods wijd en de boppetsjerke oan 'e Trije-ienheid. By in oare brân yn 1712 rekke de tsjerke op 'e nij skeind. By de restauraasje waard in galerij oan it gebou tafoege. Yn 1723 folge de bou fan 'e klokketoer.
Mei de stifting fan it bisdom Saratov-Penza op 16 oktober 1799 krige de tsjerke de status fan katedraal. Dy status moast de tsjerke yn 1826 ôfstean, doe't de nije Aleksander Nevskikatedraal yn Saratov foltôge waard.
Yn 'e jierren 1930 waarden alle tsjerken fan Saratov foar de earetsjinst sletten. In soad tsjerken waarden ferneatige en ek foar de Trije-ienheidstsjerke drige ôfbraak, mar it ferset fan parochianen en fertsjintwurdigers út de wittenskiplike en kulturele hoeke wisten dat tefoarren te kommen. Wol waard de tsjerke yn 1934 sletten en oerdroegen oan in museum, dy't it gebou as repositoarium brûkte.
Al yn 1942 folge mei de restauraasje fan it bisdom Saratov-Penza weromjefte oan 'e otterdokse mienskip. De tsjerke waard op 'e nij ynwijd en om't de 19e-iuwske Aleksander Nevskikatedraal in lytse tsjien jier earder ferneatige wie, waard de Trije-ienheidstsjerke op 'e nij de katedraal fan it bisdom. De Trije-ienheiskatedraal bleau oant yn de jierren 1990 iepen en moast doe in skoft sletten wurde fanwegen de minne steat fan it gebou.
Yn 'e jierren 2004-2014 folge in restauraasje wêrby't de katedraal wer yn 'e oarspronklike steat werombrocht waard. Fan 'e fresko's út de 18e iuw bleaune allinne lytse fragminten oer yn 'e benedentsjerke. De rest fan 'e muorreskilderings fan 'e katedraal datearje út de jierren 1950.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|