Trije-ienheidskleaster (Moerom)

It Trije-ienheidskleaster (Russysk: Троицкий монастырь; Troitski Monastyr) is in kleaster fan it bisdom Moerom fan de Russysk-Otterdokse Tsjerke. It stiet yn de stêd Moerom, Ruslân en is bekend fanwegen it bewarjen fan de reliken fan de hilligen Peter en Fevronia, dy't yn Ruslân fereare wurde as de patroanhilligen fan it houlik en it hûsgesin.

Trije-ienheidskleaster

Троицкий монастырь

bouwurk
Trije-ienheidskatedraal (lofts) en de Kazantsjerke mei klokketoer (rjochts)
Trije-ienheidskatedraal (lofts) en de Kazantsjerke mei klokketoer (rjochts)
lokaasje
lân Flag of Russia.svg Ruslân
oblast Flag of Vladimir Oblast.jpg Vladimir
plak Flag of Murom (Vladimirskaya oblast).png Moerom
koördinaten 55° 34' N 42° 03' E
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier 1643 (stifting); âldste bouwurken 17e iuw
monumintale status Kultureel monumint fan federaal belang
monumintnûmer 3310090000 [1]

SkiednisBewurkje

 
It kleaster yn 1889

It kleaster waard yn it twadde fearn fan de 17e iuw stifte (1643) troch de keapman Tarasijem Tsvetnov. Neffens in pear lokale histoarisi stiet it kleaster op it plak, dêr't prins Konstantyn, dy't de heidenen fan Moerom ta it kristendom bekearde, in oan de hilligen Boris en Gleb wijde houten tsjerke bouwe liet.

Tarasijem Tsvetnov liet yn de jierren 1642–1643 op it plak fan de Boris en Gleb-tsjerke de stiennen Trije-ienheidskatedraal bouwe, dy't der ek no noch altiten stiet. Yn 1643 frege de keapman oan de biskop fan Rjazan en Moerom tastimming om in kleaster oan de tsjerke te ferbinen. De tsjerke is fersierd mei fergulde krusen en benammen de dekoraasje mei tegels ûnderskiedt de Trije-ienheidskatedraal fan oare tsjerken yn Moerom.

Wat letter waard yn de jierren 1648-1652 op it súdlike diel fan it kleaster in oan de Ikoan fan de Mem Gods fan Kazan wijde tsjerke boud. De poartetsjerke hat ien tintfoarmige toer en in oangrinzgjende klokketoer fan meardere ferdjippings.

It kleaster waard op befel fan de Sovjet-autoriteiten yn 1923 sletten. Yn 1975 waard de houten Sergius fan Radonezj-tsjerke út it doarp Krasnov oerbrocht nei it kleasterterrein, dat in monumint fan de houten arsjitektuer út de 18e iuw is.

Weriepening fan it kleasterBewurkje

Op 15 maaie 1991, op de feestdei fan de hillige prinsen Boris en Gleb, waard it kleaster op 'e nij iepene. De reliken fan de otterdokse hilligen Peter en Fevronia foarmje de belangrykste reliken fan it kleaster. Oant 1921 rêsten de reliken yn de yn de jierren 1930 ferneatige Katedraal fan de Berte fan Kristus. Se waarden doe oerbrocht nei it lokale museum fan Moerom en binne yn it ramt fan de weriepening fan it kleaster werom jûn oan de Russysk-Otterdokse Tsjerke.

GebouwenBewurkje

  • Trije-ienheidkatedraal (1642-1643)
  • Tsjerke fan de Kazan-ikoan (1648)
  • Sergius fan Radonezj-tsjerke (1715)
  • Peter en Frevoniakapel (2010)

OfbyldenBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Троицкий монастырь (Муром)