Triodos Bank
Triodos Bank N.V. is in Nederlânske bank, oprjochte yn 1980, mei filialen yn Belgje, Spanje, Feriene Keninkryk en Dútslân. De Bank bankieret duorsum en etysk en is fêstige yn Zeist.
De namme Triodos komt fan it Grykske ‘tri hodos’ wat trijedielich benaderje betsjut. Triodos bank is rigoereuzer yn it etyske bankierjen as de measte oare banken. Dêr wêr't de meast etyske belizzingen faaks basearre binne op it net belizzen yn bedriuwen dy’t skea oanbringe oan minsken of miljeu, sil Triodos inkel belizze yn inisjativen dy’t aktyf bydrage ta in mienskip, lykas fair trade organisaasjes, biologyske buorkerijen en sosjale projekten. Kwa doelstellingen is it te fergelykjen mei de ASN bank, dy’t út de fakbûnen fuortkomt. Triodos bank biedt neist sparjen en betelrekkeningen oan foar sawol partikulieren as ûndernimmers.
Triodos is oprjochte yn 1980 en hat har woartels yn de antroposofyske beweging. Yn de begjinjierren fregen grutte banken lykas ABN Amro, ING, Rabobank en de Postbank harren ôf hoe oft in bank dy’t in legere rinte joech ea bestean bliuwe koe. Benammen fermogende partikulieren dy’t it goed foar hienen mei de natoer en it miljeu woenen profitearje fan fiskale foardielen en toanden ynteresse. Mei in groei fan likernôch 20 persint yn 't jier hie de Triodos Bank ein 2006 in bedrach fan trije miljard euro ûnder it behear. Foar sparrekkeningen is der net folle ferskil tusken de rintepersintaazjes dy’t de banken jouwe. By Triodos bank is der in garânsje dat it jild duorsum ynvestearre wurdt .
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Triodos Bank fan Wikimedia Commons. |