In trullo (meartal: trulli) is in bouwurk dat typysk is foar de krite tusken de Súd-Italjaanske stêden Bari, Brindisi en Tarente yn 'e regio Apûlje. De measte dêrfan binne yn it Valle d'Itria te finen en dan benammen yn Alberobello.

Trulli fan Alberobello
UNESCO-wrâlderfgoed
lân flagge fan Itaalje Itaalje
UNESCO folchnûmer 787
kritearia (iii)(iv)(v)
ynskriuwing 1996 (20e sessy)
koördinaten 40° 46' N 17° 14' E
Webside
www.comune.alberobello
Kaart
Trullo (Itaalje)
Trullo
UNESCO-wrâlderfgoedlist
 
Trulli yn Alberobello.

Trulli ha ûnder fertikale muorren mei in kegelfoarmich boppediel en wurde as hûs of as pakhûs brûkt. By de bou fan 'e kalkstiennen hûzen wurdt gjin semint brûkt. It dak is faak fersierd mei kristlike of magyske symboalen. De muorren binne oardel oant twa meter dik, sadat de waarmte simmerdeis bûten en winterdeis binnen bliuwt. In trullo bestiet yn 'e regel mar út ien romte.

De trulli binne neffens in prehistoaryske boutechnyk boud, dy't yn 'e regio noch altiten tapast wurdt. De âldste trulli geane werom op de 14e iuw.

Neffens in populêre teory mochten der gjin permaninte hûzen yn it gebiet boud wurde. By ynspeksje koene de sûnder semint boude trulli gau wer ôfbrutsen wurde. It is bekend dat soks barde, doe't de kening fan Napels belestingsynspekteurs nei de krite stjoerde.

Alberobello is sûnder mis de haadstêd fan 'e trulli. Dêr steane mear as 1500 fan sokke bouwurken yn 'e wiken Rione Monti en Aja Piccola. Dêrfandinne is Alberobello sûnt 1996 wrâlderfgoed fan UNESCO. Ek de Sint-Antoniustsjerke fan Alberobello is yn 'e trullo-styl boud. Yn 'e plakken Locorotondo, Martina Franca, Cisternino, Ostuni en Ceglie Messapica binne ek trulli te sjen. Farianten fan trulli komme yn it súden fan Apûlje foar, yn 'e provinsje Lecce.

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Trulli in Alberobello fan Wikimedia Commons.