Alberobello is in plak yn 'e Italjaanske regio Apûlje yn 'e provinsje Bari. Coreggia is in frazione fan 'e gemeente Alberobello.

Alberobello
Emblemen
Bestjoer
Lân flagge fan Itaalje Itaalje
regio Apûlje
Sifers
Ynwennertal 10.159 (31.05.2024)
Oerflak 40,82 km²
Hichte 428 m
Oar
Postkoade 70011
Koördinaten 40° 47' N 17° 14' E
Offisjele webside
www.comune.alberobello
Kaart
Alberobello (Itaalje)
Alberobello

It plak leit op in fruchtbere heechflakte súd fan 'e stêd Bari mids yn grutte hôven mei olivebeammen. De namme is ôflaat fan it Latynske Sylva Arboris Belli, in ferwizing nei de grutte ikebosken dy't hjir ea leine. Alberobello is op twa heuvels boud. Op 'e eastlike heuvel leit de nije stêd, op 'e westlike heuvel de âlde histoaryske stêd. De Kosmas- en Damianusbasilyk foarmet it sintrum fan 'e histoaryske stêd. Op 'e oare heuvel steane de measte trulli.

Wrâlderfgoed

bewurkje seksje
 
Sint-Antoniustsjerke.

Alberobello is oer de hiele wrâld bekend fanwegen de grutste konsintraasje trulli, dy't neffens in âlde boutechnyk sûnder semint boud binne. Yn Alberobello binne twa wiken dy't hast folslein út sokke bouwurken besteane. De wiken Rione Monti en Aia Piccola binne dêrfandinne opnommen yn 'e wrâlderfgoedlist fan UNESCO. Njonken gewoane trulli binne der ek farianten, lykas in Siameeske trullo of in trullo fan twa ferdjippings. Ek de Sint-Antoniustsjerke is yn trullo-styl boud. Meiïnoar binne der sa'n 1500 trulli yn 'e twa wiken te sjen.

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Alberobello fan Wikimedia Commons.