Trutnov

Trutnov (Dútsk: Trautenau) is in stêd yn noardeast Tsjechië, yn de regio (kraj) Hradec Králové. Trutnov leit op in hichte fan 414 meter oan de rivier de Úpa yn it Reuzeberchtme.

Trutnov
Trutnov rynek.jpg
Flagge Wapen
Flag of Trutnov.svg Trutnov CoA CZ.jpg
Sifers
Ynwennertal 30.893 ((2015)
Oerflak 103,36 km² (ynkl. wetter)
Befolkingstichtens 299 / km²
Stêdekloft n.f.t.
Hichte 375-414 m
Polityk
Lân Tsjechje
Regio Hradec Králové
Gemeente Gemeente Trutnov
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Webside Webstee fan de gemeente
De Úpa yn Trutnov

Ut de skiednisBewurkje

Trutnov is boud op it plak fan in 12e-iuwske Slavyske delsetting, dy't nei de rivier Úpa neamd wie. De erste beskriuwing fan Trutnov stammet út 1260. Om de ûntjouwing fan it plattelân te stypjen joech kening Wenceslaus I fan Bohemen it rjocht oan Dútske migranten om in stêd te stichtsjen op it plak fan de delsetting.

Yn 1866 waard hjir de Slach by Trautenau útfjochte yn de Eastenryksk-Prusyske Oarloch. Oan de súdkant fan de stêd leit in park ta oantins fan de slach mei monuminten en detaillearre ynformaasjeboerden oer it fjochtsjen.

Foar de útsetting yn 1945 wiene Dútsers de mearderheid yn dizze stêd. Yn de Twadde Wrâldoarloch wie dêr in Arbeitserziehungslager.

EkonomyBewurkje

Iuwenlang wie de lânbou de wichtichste faktor fan de ekonomy fan Trutnov, mar yn de 19e iuw sette de yndustriële ûntjouwing út ein. Yn 1823 stifte Johannes Faltis dêr in linnen- en katoenfabryk. No is de Firma GRUND de iennige tekstylfabryk. Trutnov is hjoeddendei in yndustrystêd en sintrum fan elektronikayndustry mei bedriuwen fan de ûndernimmings ZPA Trutnov, ABB, Tyco, Siemens, Continental en Brose.

ZZN Trutnov en de brouwerij Pivovar Krakonoš binne fertsjintwurdigers fan de fiedingsmiddelenyndustry. Yn Poříčí stiet in sintrale fan enerzjyûndernimmer EPO. Kara Trutnov is in bedriuw yn de learyndustry.

StedsdielenBewurkje

Trutnov bestiet út 21 stedsdielen:

  • Adamov (Adamsthal)
  • Babí (Trautenbach)
  • Bohuslavice (Bausnitz)
  • Bojiště (Hohenbruck)
  • Dolní Předměstí (Niedere Vorstadt)
  • Dolní Staré Město (Nieder-Altstadt)
  • Horní Předměstí (Obere Vorstadt)
  • Horní Staré Město (Ober-Altstadt)
  • Kryblice (Krieblitz)
  • Lhota (Welhotta)
  • Libeč (Gabersdorf)
  • Nový Rokytník (Neurognitz)
  • Oblanov (Kaltenhof)
  • Poříčí (Parschnitz)
  • Starý Rokytník (Altrognitz)
  • Střední Předměstí
  • Střítež (Burkersdorf)
  • Studenec (Staudenz)
  • Vnitřní Město
  • Volanov (Weigelsdorf)
  • Voletiny (Wolta)

StedsbyldBewurkje

PartnerstêdenBewurkje

Berne yn TrutnovBewurkje

Keppelings om utensBewurkje