Goudûle

(Trochferwiisd fan Tsjerkûle)
Goudûle
Tyto alba 1 Luc Viatour.jpg
taksonomy
Klasse: Fûgels (Aves)
Skift: Uleëftigen (Strigiformes)
Famylje: Goudûlen (Tytoninae)
soarte
Tyto alba

De goudûle of tsjerkûle (Latynske namme: Tyto alba) is tige algemien en komt op alle kontininten útsein Antarctica foar. It is in 35 sm grutte, ljochtkleurige fûgel mei lange skonken en wjukken.

De plasse fan in goudûle.
Aai fan de Tyto alba guttata
It lûd fan de Goudûle. Opnaam yn Cardiganshire, Wales

ItenBewurkje

De goudûle giet nachts te jeien. Hy fleant oer de fjilden krekt boppe de grûn. Sa jaget er foaral op mûzen. It tal jongen dat in pearke yn in jier grutbringt hinget foaral ôf fan it tal mûzen dat der te fangen is. De Goudûle bliuwt it hiele jier op itselde stee. Mei in dikke laach snie dy't in skoft lizzen bliuwt komme de ûlen fuort yn de problemen om oan harren iten te kommen.

FuortplantingBewurkje

Goudûlen hawwe meastentiids har nêst yn in boerepleats. De fryske boerepleatsen hawwe fanâlds ek meast in ûleboerd mei in yngong foar de ûlen nei de skuorre. It wyfke bried yn 30-34 dagen op de 4-7 aaien. Omdat it wyfke fuort by it earste aai begjint te brieden is der in grut ferskil yn grutte fan de jongen. It âldste jong is in stik grutter as de jongste. Yn goeie mûzejierren kinne de ûlen ek noch wol oan in twadde lechsel begjinne.

Keppeling om utensBewurkje