Tsjerk 328 (1990- maart 2011) wie in Fryske tophynst Tsjerk 328 fan it Keninklik Frysk Hynste Stamboek (KFPS).

De dekhynst waard fokt troch de famylje Schuurmans út Mantgum, as soan fan de preferinte Feitse 293 en de ferneamde modelmerrje Wykje. Tsjerk die syn wurk sûnt 2002 op it hynstestasjon fan de famylje Toonen út Maren-Kessel.

Tsjerk lit in lange list neikommelingen nei. Wol 483 neisieten waarden stjer ferklearre, in rekôr binnen de fokkerij fan Fryske hynders.