Tsjerke fan Böhmerwold
De Tsjerke fan Böhmerwold (Dútsk: Böhmerwolder Kirche) is in protestantsk-grifformearde tsjerke yn Böhmerwold, in Ortsteil fan de Eastfryske gemeente Jemgum.
Tsjerke fan Böhmerwold | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
regio | Nedersaksen | |
lânkring | Lier | |
plak | Böhmerwold | |
koördinaten | 53° 14'N 7° 19'E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Evang.-Griff. tsjerke | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 18e iuw | |
monumintale status | Kultuermonumint | |
Webside | ||
Side tsjerklike gemeente | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe hjoeddeiske tsjerke ferfong yn 1703 in lytse fakwurktsjerke fan liem en hout. It bakstiennen tsjerkje hat 138 sitplakken. Mei de ferkeap fan sitplakken oan gemeenteleden koe de bou betelle wurde. Yn de rin fan de tiid hawwe der ferskillende ferbouwings west. Oan de westlike toer waard in súdlik portaal oanboud, dat tsjintwurdich ek noch as tagong tsjinnet. Yn 1828 waard de tsjerke grutter makke om't de gemeente troch it tafoegjen fan in pear buorskippen grutter woarn wie. Ek krige de tsjerke doe foar it earst in oargel.
Sûnt 1936 dielden Böhmerwold mei Marienchor in dûmny, mar hjoed-de-dei is de dûmny fan Jemgum ek de dûmny fan de twa doarpen.
Arsjitektuer
bewurkje seksjeDe Böhmerwolder tsjerke is in sealtsjerkje mei in mearskidige eastlike ôfsluting. De tsjerke wurdt ferljochte troch smelle rûnbôgefinsters. De klokketoer hat yn it noarden en suden galmgatten foar de klokken. Op it piramidedak fan de toer stiet in lyts spitske mei as wynwizer in hynderke op it krús. Oer it ryk fersierde portaal yn de súdlike muorre is in gevelstien ynbrocht mei de Nederlânsktalige tekst: ANNO DOMINI 1703 HEBBEN DE INTERESSENTEN VAN BEMERWOLD DESE KERCK EN TOREN GEBOUWT. SYNDE BOELMAN ABELS KERCKVOOGT.
Ynrjochting
bewurkje seksjeDe tsjerke hat in houten tonferwulft, dat blau ferve is. Oan de westlike kant is it Rohlfs-oargel opsteld. It ynterieur is tige ienfâldich en hat in houten preekstoel oan de eastlike muorre. De kastbanken steane oan wjerskanten fan it middenpaad. Sawol de preekstoel as de banken datearje út 1705. De kûp fan de preekstoel is lykas ek it klankboerd rûn.
Ta it nachtmielsreau fan de tsjerke heart in beker út 1636 en in bôleskaal út 1730.
Oargel
bewurkje seksjeIt lytse oargel waard yn 1828 troch Johann Gottfried Rohlfs út Esens boud. Dêrby brûkte er âlder materiaal. It ienmanualige ynstrumint hat sân registers en in oanhongen pedaal. It is foar it measte noch orizjineel en hat in opfallend kleurryk klankbyld. De oargelkas is read skildere mei fergulde aksinten.
Neffens de oerlevering soe it oarspronklike materiaal fan in oargel út it slot fan Auwerk komme. Oanwizings dêrfoar binne dat Rohlfs út in âlder barok oargel fan ûnbekende komôf in pear registers mei pipen oernaam en tagelyk wurke oan it oargel fan de slotkapel fan Auwerk. Dat oargel hie alve registers op ien manuaal en wie oan ûnderhâld ta.
It ynstrumint foar de Böhmerwold tsjerke brocht Rohlfs út syn wurkplak nei Auwerk en liet it fan dêr troch manlju nei Böhmerwold bringe, om it sels yn de tsjerke op te bouwen. Johann Diepenbrock revisearre it oargel yn 1890 en wiksele in register út. Yn 1989 fierde de Krummhörner Orgelwerkstatt in restauraasje út.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.
|