Tsjerke fan Blesdike

De Tsjerke fan Blesdike is in tsjerkegebou yn it Weststellingwerfske doarp Blesdike. De tsjerke funksjonearret as doarpssintrum en njonken rou-, trou- en tsjerketsjinsten wurde der ek kulturele en oare aktiviteiten organisearre. Eigner is de stifting Et Karkien Blesdieke.

Tsjerke fan Blesdike
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Weststellingwerf
plak Blesdike
adres Markeweg 89
koördinaten 52° 49' N 6° 0' E
Tsjerklike gegevens
patroanhillige Nikolaas fan Myra
status kultureel sintrum
Arsjitektuer
boujier 1843
Webside
Stifting Et Karkien Blesdieke
Kaart
Tsjerke fan Blesdike (Fryslân)
Tsjerke fan Blesdike

It is mei wissigens te sizzen dat der yn 1328 in kapel yn Blesdike stien hat. Mooglik gyng de kapel mei in brân yn 1428 ferlern en ferfongen troch in nije tsjerke. Blesdike hearde eartiids tsjerklik by de Klemenstsjerke fan Stienwyk.

 
De yn 1722 troch Jacobus Stellingwerf tekene Nikolaastsjerke

De oarspronklik oan Nikolaas wijde tsjerke waard yn de 18e iuw troch Jacobus Stellingwerf en Abraham de Haen tekene as in goatyske tsjerke mei in foarse sealtektoer en in koer dat smeller wie as it skip en mei steunbearen stabyl holden waard.

Nei't dy tsjerke fanwegen brekfalligens yn 1836 ynstoarte, waard de tsjerke ôfbrutsen en yn 1843 ferfongen troch de hjoeddeiske tsjerke. De tsjintwurdige tsjerke is lytser as de eardere tsjerke en ynstee fan in toer krige de tsjerke in houten geveltuorke.

Yn 1991 waard de hast 150 jier âlde tsjerke restaurearre.

De herfoarme gemeenten fan Blesdike-Pepergea en Willemsoard binne yn 2010 in PKN-gemeente woarn. De tsjerke yn Willemsoard wurdt alle sneinen brûkt en de tsjerke fan Blesdike in pear kear yn it jier foar bysûndere tsjinsten.[1] It tsjerkegebou fan Blesdike is oerdroegen oan de stifting Et Kaarkien Blesdieke.

De tsjerkebanken binne net mear oanwêzich en ferfongen troch stuollen. Yn it koer stiet in ienfâldige preekstoel sûnder fierdere fersiering. De griene kleuren fan de preekstoel en de oargelgalerij binne oerfarve yn reade kleuren.

De tsjerke makket gebrûk fan in harmoanium, dat op de galerij skûl giet achter in skynfront.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: