Grutte of Sint-Klemenstsjerke (Stienwyk)

De Grutte of Sint-Klemenstsjerke (Grote of Sint-Clemenskerk) is in tsjerke fan 'e protestanske gemeente fan Stienwyk, Oerisel. De tsjerke wie foar de reformaasje wijd oan de hillige paus Klemens I.

Grutte of Sint-Klemenstsjerke
Lokaasje
provinsje Oerisel
plak Stienwyk
adres Kerkstraat 22
koördinaten 52° 37'N 6° 6' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Klemens I
Arsjitektuer
boujier 15e iuw
boustyl gotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 34576, 34577
Webside
PKN Stienwyk
Kaart
Grutte of Sint-Klemenstsjerke (Oerisel)
Grutte of Sint-Klemenstsjerke

Op it plak fan 'e hjoeddeiske tsjerke stie om likernôch 900 hinne in houten tsjerke. De houten tsjerke waard letter opfolge troch ferskate tsjerken fan dowestien en bakstien. Utwreidings fûnen in mannich kear plak. It âldste diel fan 'e tsjintwurdige tsjerke is it koer, dat yn 1409 boud waard.

Yn 1466 waard útein set mei de bou fan de toer, dy't yn 1511 foltôge waard. In stoarm die yn 1558 de spits fan 'e toer boppe de tsjerke fallen. Dêrby gyng it stiennen ferwulft ferlern. It waard ferfongen troch in houten tonferwulft. Yn 'e roomske tiid stiene der wol tsien alters yn de tsjerke. Nei't de troepen fan prins Maurits Stienwyk yn 'e simmer fan 1592 ferovere, waard de tsjerke geskikt makke foar de protestanske earetsjinst. It meastepart fan it roomske ynterieur gie doe ferlern. Wol binne der in tal grêfsarken út dy tiid bewarre bleaun.

 
Van Oeckelen-oargel

It tonferwulft fan it middenskip waard yn 1853 wei efter in houten plafond. By de restauraasje fan 'e jierren 1970 is it tonferwulft wer foar it ljocht helle.
Yn de tsjerke hingje njoggen koperen kroanluchters, dêr't fjouwer fan ôfkomstich binne út de Rypster Salviustsjerke.

De yn 1558 omwaaide spits fan 'e toer waard yn 'e jierren 1913-1915 rekonstruearre. Mei in hichte fan 87 is it de heechste tsjerketoer fan Oerisel.

Yn 'e jierren 1974-1981 hat in grutte restauraasje plakfûn. By de restauraasje binne in tal fûneminten ûntdutsen, ûnder oaren dy fan in âldere toer út likernôch 1200.

Ut de katolike tiid fan de tsjerke stamme noch in tal grêfsarken oer de flier. By de restauraasje yn 'e jierren 1970 binne de fresko's oan it ferwulft restaurearre of op 'e nij oanbrocht. De âldste fresko's stamme út 1633. De kânsel stamt út de 17e iuw. Achter it oargel is in doarke út 1633 mei it ôfbyld fan Sint-Klemens.

Yn 'e klokkestoel hingje seis klokken. Twa klokken datearje út 1604 en 1638, de oare klokken binne net âld. Yn 'e foartsjerke stiet noch in skansearre klok út 1638 dy't yn 'e Lytse Tsjerke (Kleine Kerk) hongen hat.

It oargel fan 'e Grutte Tsjerke datearret fan 1860 en waard troch Petrus van Oeckelen boud. It ynstrumint heart ta de grutste noch besteande oargels dy't Van Oeckelen boud hat.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Grote of Sint-Clemenskerk