Tsjerke fan Fransum
De tsjerke fan Fransum is in romaansk tsjerkje dat oarspronklik datearret út de 13e iuw, yn it doarp Fransum yn de gemeente Súdhorn yn de provinsje Grinslân. Yn de 16e iuw is it gebou oanpast. It skip is it âldste diel. It trijesidige koar en de westgevel binne de jongste dielen. De tsjerke hat gjin toer mar in dakruter. De oarspronklike tsjerkeklok út 1704, getten troch Mammes Fremy, waard yn 1942 troch de Dútske besetter rôve. Earst yn 1999 kaam dêr in klok út 1958 út de Savatortsjerke fan Beverwyk foar yn 't plak.
-
De wierde mei de tsjerke sjoen fan de dyk ôf
-
Efterside tsjerke