Tsjerke fan Jheringsfehn

De Tsjerke fan Jheringsfehn of de Jehannestsjerke is in protestantsk-lutherske tsjerke yn Jheringsfehn yn de Eastfryske gemeente Moormerland. De tsjerke waard op 21 maart 1864 plechtich yn gebrûk nommen.

Protestantsk-lutherske Jehannestsjerke

Evangelisch-lutherische Johanniskirche

bouwurk
lokaasje
lân Dútslân
regio Nedersaksen
lânkring Lier
plak Jheringsfehn
adres Boekzeteler Str.
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1864
boustyl Neoromaanske arsjitektuer
offisjele webside
Side tsjerklike gemeente

Skiednis bewurkje seksje

Boekzetelerfehn en Jheringsfehn binne relatyf jonge plakken en ûnstiene yn 1647 resp. 1660. Tegearre mei it plakje Jheringsbeek fersochten de doarpen op 13 maart 1826 tastimming foar de bou fan in eigen tsjerke. Yn dy tiid hearden de plakken tsjerklik by Hatshausen en Timmel. It duorre lykwols noch fjirtich jier ear't útein set wurde koe mei de bou fan in ienfâldich tsjerkegebou mei in ynsnuorre apsis. De tsjerke stiet op de grins fan Jheringsfehn en Boekzetelerfehn en waard op 21 maart 1864 feestlik ynwijd.

De Jehannestsjerke is in neoromaansk gebou mei grutte rûnbôgige finsters, lisenen en in rûnbôgenfries. De súdlike tagong fan de tsjerke is ornearre foar de ynwenners fan Jheringsfehn en hat in lyts foarportaal. De tagong foar de gemeenteleden fan Boekzetelerfehn is troch de westlike toer.

Ynterieur bewurkje seksje

 
Ynterieur

It ynterieur fan de tsjerke wurdt oerkape troch in blau balkeplafond. Banken, alter, preekstoel en oargel datearje allegear út de boutiid. De kroanluchters yn de tsjerke binne troch gemeenteleden skonken. Ta oantinken fan it 50-jierrich jubileum fan de tsjerke krige de tsjerke yn maart 1914 in brânskilderd raam fan Jezus dy't de sinkende Petrus de hân rikt. It raam is yn it midden fan de noardlike muorre ynbrocht.

Yn de likernôch 31 meter hege klokketoer hingje twa klokken, dy't yn 1928 de earder yn de Earste Wrâldkriich omraande klokken ferfongen.

Oargel bewurkje seksje

It oargel is fan Gerd Sieben Jansse en hie ynearsten 8 registers. Alfred Führer ferboude en fergrutte it oargel yn 1961 en 1991, sadat it ynstrumint no 15 registers op twa manualen hat. De oargelkas en in pear registers binne noch oarspronklik.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur, op dizze side.