Hatshausen
Hatshausen is in doarp (Ortschaft) yn de gemeente Moormerland yn de lânkring Lier yn East-Fryslân. Yn 2016 hie it doarp 602 ynwenners p in oerflak fan 18,82 km².
Hatshausen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Nedersaksen | |
Lânkring | Lier | |
Gemeente | Moormerland | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 602 (31-12-2016) | |
Oerflak | 18,82 km² | |
Befolkingsticht. | 32 / km² | |
Hichte | 0 m | |
Oar | ||
Postkoade | 26802 | |
Koördinaten | 53° 21′ 13″ NB, 7° 27′ 51″ EL |
Skiednis
bewurkje seksjeHatshausen waard foar it earst neamd yn de fjirtjinde iuw yn in Múnsterske parochyregister as Harstahusum.
Op 21 jannewaris 1458 swarde haadling Broder Galtisna yn Hatshausen in eed oan de Hamburger riedsman Wigershop yn Emden. Galtisna swarde dat er de frede hâlde soe en gjin blokhûzen en fêstings yn Hatshausen en de rest fan Fryslân bouwe soe. Letter swarde er ek noch dat er net sûnder útdruklike fergunning nei Emden ta gean soe. As er de eed ferbrekke soe, kaam al syn besit te ferfallen. Memmo Eggena út Timmel stie yn foar Broder Galtisna foar de Hamburgers oer, dat dy ek oan de eed hâlde soene.
Yn de folksmûle wie it bekend dat Broder Galtisna ûndogenske fiten úthelle hie. Oan te nimmen is dat er seerôvers, de Likedielers, begeunstige hie, en harren it lettere foarwurk Sieve, dat ta it Johanniterkleaster Hasselt hearde, as opslachplak foar berôve guod joech.
Yn 1613 wie predikant Johannes Fabricius as dûmny warber yn de gemeente. Hy jildt as de ûntdekker fan de sinneflekken en skreau er in artikel oer yn it Latyn: De macullis in sole observatis., dy't er yn 1611 yn Wittenberg printe liet. Fan him en syn heit, David Fabricius, waard yn 1892 yn Osteel in stânbyld set.
Predikant Anton Christian Bolenius wurke fan 1707 oant 1716 yn de gemeente. Hy yntrodusearre it feanbaarnen en dêrmei it boekweet ferbouwen yn Eastfryslân.
De Marije-Magdalenatsjerke waard yn 1783 boud en wurdt dield mei it buordoarp Ayenwolde.
Hatshausen wie in selsstannige gemeente oant 1 jannewaris 1973 doe't it yn it ramt fan de gemeentlike weryndieling mei tsien oanswettende gemeenten de nije gemeente Moormerland foarme.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- Moormerland Wenstee fan de gemeente Moormerland
- Hatshausen-Ayenwolde e. V. Webstee fan Hatshausen-Ayenwolde
- Beskriuwing fan Hatshausen yn de histoaryske doarpsdatabank fan it Ostfriesische Landschaft
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar oare boarnen, sjoch Einzelnachweise op dizze side. |
Moormerland | ||
---|---|---|
Haadplak: Warsingsfehn | ||
Doarpen: Boekzetelerfehn • Gandersum • Hatshausen • Jheringsfehn • Neermoor • Oldersum • Rorichum • Terborg • Tergast • Veenhusen | ||
· · |