Gandersum
Gandersum is in doarpke fan likernôch 90 ynwenners oan de noardlike kant fan de Iems, ûngefear sân kilometer eastlik fan de stêd Emden tusken Petkum en Oldersum. Sûnt de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 1973 heart it plakje by de gemeente Moormerland yn it Landkreis Leer.
Gandersum | ||
Tsjerke fan Gandersum | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Nedersaksen | |
Lânkring | Lier | |
Gemeente | Moormerland | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 89 (2007) | |
Oerflak | 3,27 km² | |
Hichte | 1 meter boppe NAP | |
Oar | ||
Postkoade | 26802 |
Gandersum krige mear bekendheid mei de bou fan in kontroversjele wetterkearing yn de Iems. Sûnt de foltôging fan it bouwurk yn 2002 is it toerisme yn Gandersum oanmerklik tanommen.
Tsjerke
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Tsjerke fan Gandersum.
De tsjerke fan Gandersum waard yn de 14e iuw boud, mar waard yn de rin fan de tiid yngeand ferboud. Nei ferfal en ferwoastging yn de neidagen fan de Twadde Wrâldkriich waard de sealtsjerke tusken 1958 en 1962 restaurearre.
Persoanlikheden
bewurkje seksje- Otto Galama Houtrouw (berne op 16 juny 1838 yn Gandersum; ferstoarn op 14 febrewaris 1933 yn Oldersum); teolooch en geakundige.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeMoormerland | ||
---|---|---|
Haadplak: Warsingsfehn | ||
Doarpen: Boekzetelerfehn • Gandersum • Hatshausen • Jheringsfehn • Neermoor • Oldersum • Rorichum • Terborg • Tergast • Veenhusen | ||
· · |