Neermoor is in doarp (Ortsteil) yn de gemeente Moormerland yn de lânkring Lier yn East-Fryslân. Yn 2016 telde it doarp 4.748 ynwenners op in oerflak fan 19,21 km². It doarp leit oan e eastlike ouwer fan de Iems en leit 8 km noardlik fan Lier en 17 km súdeastlik fan Emden en leit op in plato fan pleistoseen sân. Yn de midsiuwen wie it in heidefjild. Foar 1973 wie Neermoor in selsstannige gemeente.

Neermoor
Polityk
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
Lânkring Lier
Gemeente Moormerland
Sifers
Ynwennertal 4.748 (31-12-2016)
Oerflak 19,21 km²
Befolkingsticht. 247 / km²
Hichte 1 m
Oar
Postkoade 26802
Koördinaten 53° 18′ 24″ NB, 7° 26′ 30″ EL

Skiednis bewurkje seksje

Neermoor is in dochterdelsetting fan Edana, en waard nei alle gedachten al foar dy syn ûndergong yn de alfde iuw fierder eastlik op de feanrâne fannijs stifte. Neermoor waard foar it earst yn oarkonden om 1400 hinne neamd, en waard as Edenramora oantsjut. Lettere ferwizings wiene: Nymramore (1409), Eramoere (1428), Edramora (1436), Eddermore (1439), Neydermoer (1481), Neddermoer (1494) en Neermohr (1577). De namme is faaks ôflaat fan de memmedelsetting Edana.

Yn de midsiuwen stiene der twa boargen yn Neermoor dy't yn it besit wiene fan de haadlingen Fokko Ukena en syn soan Uko Fokkena. De iene boarch stie oan de hoeke fan de hjoeddeistige Vossbergweg en Burgstraße. De oare stie tusken de Osterstraße en Süderstraße. Fan de twa boargen is lykwols neat mear oer.

Yn 1422 waard bûten de doarpskearn op in heuvel op in âld begraafplak in lytse tsjerke boud, dy't yn 1797 troch in nije herfoarme tsjerke ferfongen waard. De grifformearde tsjerke komt út 1865.

Yn it begjin fan de tweintichste iuw wie Neermoor benammen in lânboudoarp. Der wiene 44 boeren, waans pleatsen oan de hjoeddeistige Norder- en Süderstraße ferspraat stiene. Hja bewurken it lân dat oan de hjoeddeistige Königstraße yn Warsingsfehn grinzge. De Königstraße foarmet de grins tusken Neermoor en Warsingsfehn. Dêrom wennen de bewenners dy't oan de kant fan Neermoor wennen yn Neermoor-Kolonie.

Yn it ramt fan de gemeentlike weryndieling yn Nedersaksen waard Neermoor op 1 jannewaris 1973 part fan de doe foarme gemeente Moormerland.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar oare boarnen, sjoch Einzelnachweise op dizze side.

 
Moormerland
 
Haadplak: Warsingsfehn
Doarpen: BoekzetelerfehnGandersumHatshausenJheringsfehnNeermoorOldersumRorichumTerborgTergastVeenhusen