Terborg (Moormerland)
Terborg is in doarp (Ortschaft) yn de gemeente Moormerland yn de lânkring Lier yn East-Fryslân. Yn 2016 hie it doarp 105 ynwenners op in oerflak fan 5,45 km².
Terborg | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Nedersaksen | |
Lânkring | Lier | |
Gemeente | Moormerland | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 105 (31-12-2016) | |
Oerflak | 5,45 km² | |
Befolkingsticht. | 19 / km² | |
Hichte | 1 m | |
Oar | ||
Postkoade | 26802 | |
Koördinaten | 53° 17′ 57″ NB, 7° 23′ 18″ EL |
Namme
bewurkje seksjeTerborg waard yn 1357 foar it earst yn in oarkonde as Burchum neamd. Yn 1564 waard er op in topografyske kaart Neyeborg neamd. Fierdere oantsjuttings binneTorborch (1684), Ter-Borg (1735) en yn 1787 beide Terborg en Ferstenborg. Der binne trije mooglikheden ta de ferklearring fan de namme: it foarheaksel "Ter-" soe in gearfoeging fan "to der" (Eastfrysk foar "ta/nei de"} wêze. "Borg" soe neffens Petra Spekker net nei in boarch ferwize, mar earder nei in "plak fan ûntwiken" oan de Iems; Ubbo Emmius ferwiisde de namme as "tri borgi", trije boargen, om't der yn de midsiuwen oan de Kleiweg fan Oldersum nei Neermoor Terborg, Mittelsterborg en Woltersterborg wiene. Petra Spekker tinkt dat dy stelling wol mooglik wêze koe, om't Terborg ek wol as Ferstenborg oantsjut wie, dat dus "foarste boarch" betsjutte.
Skiednis
bewurkje seksjeTerborg ûntstie nei alle gedachten om 1000 hinne as boere- en fiskersdoarp op in terp oan de Iems. Ta tsjinstelling fan de buordoarpen Oldersum en Neermoor, ûntjoech Terborg him nea as in plak fan grut belang. Yn de midsiuwen hearde it plak ta it Fryske goa Iemsgoa, en dêrnei ta it Moarmerlân ûnder de hearskippij fan de haadlingsfamyljje Sirksena. Dêrnei foel it ûnder it amt Leerort, dy't yn 1817 opheft waard en doe kaam Terborg ûnder it amt Lier, dy't yn 1885 op gie yn de krite Lier.
Troch de flechtelingsstream fan Dútsers út de eastlike gebieten fan it Dútske Ryk nei de Twadde Wrâldkriich naam de befolking fan Terborg ûnbidich ta. Oant 1950 naam it oandiel flechtelingen ta ta 33,7%. In soad fan harren waarden ynearsten yn barakken oan de hjoeddeistige Landesstraße 2 ûnderbrocht.
Terborg wie oant 1 jannewaris 1973 in selsstannige gemeente doe't er yn it ramt fan de gemeentlike weryndieling yn Nedersaksen mei tsien tichteby lizzende doarpen gearfoege waard ta de nije gemeente Moormerland.
It besjen wurdich
bewurkje seksjeIt âldst noch besteande gebou yn Terborg is it skoalgebou fan de twadde helte fan de achttjinde iuw. It is in stiennen gebou mei ien keamer mei skyldtek. It gebou is beskerme, allyk it gemaal fan 1958 mei typyske arsjitektuer fan de 1950-er jierren.
Untwikkeling ynwennertal
bewurkje seksjeJier | Ynwennertall |
---|---|
1811 | 146 |
1823 | 141 |
1859 | 142 |
1880 | 133 |
1897 | 151 |
1905 | 140 |
1925 | 142 |
1933 | 131 |
1939 | 141 |
1946 | 177 |
1950 | 181 |
1956 | 161 |
1961 | 162 |
1969 | 135 |
1987 | 119 |
1997 | 122 |
2004 | 124 |
Keppelings om utens
bewurkje seksje- Webstee fan de gemeente Moormerland
- Bekriuwing fan Terborg yn it histoaryske doarpsdatabank fan it Ostfriesische Landschaft
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar oare boarnen, sjoch Einzelnachweise op dizze side. |
Moormerland | ||
---|---|---|
Haadplak: Warsingsfehn | ||
Doarpen: Boekzetelerfehn • Gandersum • Hatshausen • Jheringsfehn • Neermoor • Oldersum • Rorichum • Terborg • Tergast • Veenhusen | ||
· · |