Iemsgoa
It Iemsgoa wie in histoarysk lânskip yn it suden en westen fan East-Fryslân. It âlde Fryske Iemsgoa is te ûnderskieden fan it Saksyske Iemsgoa (Emsgau), dat likernôch it hjoeddeistige Iemslân omfettet en hat in eigen ûntwikkeling trochmakke. Yn de earste helte fan de tolfde iuw krige greve Herman fan Ravensberg de greefrjochten oer it Fryske Iemsgoa fan de Saksyske hartoch Lotarius fan Süpplingenburg, dy't letter Roomsk-dútske keizer waard. Dy greefrjochten waarden yn 1253/1254 oan de biskoppen fan Múnster jûn. Wylst it Fryske Iemsgoa ta it bisdom Múnster hearde, hearde it Saksyske Iemsgoa ta it bisdom Osnabrück.
It Iemsgoa waard ferparte yn de goaen Reiderlân, Emsigerlân, Moarmerlân, Oerledingerlân, Lengenerlân en it Sealterlân as eksklave. Oars as yn de rest fan East-Fryslân foarme der dêr oant it bestjoer fan Tom Brok gjin haadlingssysteem en bleaune de lannen fan de Iemsgoa selsstannich. Ien fan de redens dêrfan wiene de beheinden mooglikheden de ekonomy yn de goa te ûntwikkeljen en de goaen bleaune reedlik isolearre. Lânbou wie lykwols beheind mooglik oan de ouwers fan de Iems, mar it Lengenerlân bestie it meast út geastgrûn. Dat tiidrek kaam ta in ein doe't de Likedielers dêr begûnen ta te hâlden. De hânzestêd Hamburch woe harren oanpakke en foel de Iemsgoa yn. De stêd liet dêre de Boarch Stickhausen bouwe om harren hannelsrûte nei it westen ta feilich te stellen.
It Emsigerlân, om de hjoeddeistige stêd Emden hinne, ûntjoech him nettsjinsteande dat ta it ekonomysk mulpunt fan de goa. Hy ferskynt yn de iere trettjinde iuw foar it earst yn de boarnen, en rûn fan de ûnderrin fan it rivierke de Flumm oant de Bocht fan Sielmönk. It Emsigerlân stie yn de Iemsgoa foaroan, dat er syn namme oernaam: Emesgonia, universitas oder terra Emesgonie fan Emesgonum). Doe't de haadlingsfamylje Tom Brok yn 1413 oan de macht kaam hold it âlde Iemsgoa winliken op te bestean. It Sealterlân dat him om 1400 hinne ta de Eastfryske goaen rekkene, bleau frij fan de Eastfryske haadlingen, mar kaam ûnder it bestjoer fan de biskoppen fan Múnster en hat sûnt dy tiid in eigen ûntwikkeling trochmakke. It Reiderlân, dat oan de westigge fan de Iems lei, wie foarhinne mear rjochte op de Ommelannen, mar troch it ynbrekken fan de Doalert yn de fyftjinde iuw rekke in grut part fan it Reiderlân ûnder wetter en dy ferfong de Iems as natuerlike grins fan de Iemsgoa. It oerbliuwende part fan it Reiderlân kaam yn 1413 mank mei de rest fan de Iemsgoa ûnder it gesach fan Tom Brok, en koart dêrnei ûnder dy fan de Sirksena's
Boarnen
bewurkje seksje- Hajo van Lengen: Geschichte des Emsigerlandes vom frühen 13. bis zum späten 15. Jahrhundert. 2 dielen. Auwerk 1973.
- Jannes Ohling: Ostfriesland im Schutze des Deiches: Politische Geschichte Ostfrieslands, Lier 1975, side 483, sûnder ISBN,
- Hajo van Lengen (Hrsg.): Die Friesische Freiheit des Mittelalters - Leben und Legende, útjouwerij Ostfriesische Landschaft, Auwerk 2003 ISBN 3-932206-30-4