Tsjerke fan Gandersum
De Tsjerke fan Gandersum (Gandersumer Kirche) is in protestantsk-grifformearde tsjerke yn it Eastfryske Gandersum yn 'e gemeente Moormerland (Nedersaksen). De tsjerke waard yn 'e 14e iuw boud.
Tsjerke fan Gandersum | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
regio | Nedersaksen | |
lânkring | Lier | |
plak | Gandersum | |
adres | Zollhausstraße | |
koördinaten | 53°19' N 7°18' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Ev.-Griff. Tsjerke yn Dútslân | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 14e iuw | |
boustyl | romaansk | |
monumintale status | Kulturdenkmal | |
Webside | ||
Side tsjerklike gemeente | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe tsjerke waard yn 'e 14e iuw as in romaanske sealtsjerke op 'e terp fan Gandersum boud. Yn dy tiid hearde de tsjerke by it bisdom Münster. Nei alle gedachten ferfong de stiennen tsjerke in houten foargonger. Oarspronklik hie de tsjerke in eastlike apsis, dy't yn it lêste fearn fan 'e 18e iuw ôfbrutsen waard. De lompe klokketoer waard oan it wêst fan 'e tsjerke oanboud en is leger as it tsjerkegebou. Yn 1552 waard de reformaasje ynfierd en sûnt naam de gemeente de grifformearde lear oan.
By de 18e- en 19e-iuwske renovaasjes gyngen dielen fan it ynterieur ferlern, lykas it klankboerd en de brânskildere ramen. Nei't de tsjerke al foar de Twadde Wrâldkriich lêst fan lekkaazjes krige en sletten wurde moast, stoarte op 22 febrewaris 1945 it hiele tek yn. Nei de skea troch in foltreffer yn 'e lêste dagen fan de kriich bleau de tsjerke in skoft as ruïne stean. Sûnt 1958 waard útein set mei de werbou fan 'e tsjerke, dy't yn 1962 foltôge waard. Yn 'e jierren 1994-1995 waarden de bûtenmuorren op 'e nij foege.
De gemeente dielt de dûmny mei Tergast.
Oargel
bewurkje seksjeIt hjoeddeiske oargel is in earder hûsoargel dat mei help fan âldere dielen yn 'e 18e iuw boud waard. By it sluten fan 'e tsjerke yn 1938 ferhûze it oargel nei Emden, dêr't it yn 'e Switserske tsjerke opsteld waard. Doe't dêr yn 1962 in nij oargel boud waard, ferhûze it âlde hûsoargel werom nei Gandersum.
Oargelmakkerij Winold van der Putten en Berend Veger út Wynskoat restaurearre it oargel yn 1990-1991. It ynstrumint waard doe safolle mooglik yn 'e oarspronklike steat werom brocht. It suver mechanyske ynstrumint hat fiif registers op ien manuaal.
Klokken
bewurkje seksjeDe Marijeklok út 1458 is tsjintwurdich te finen yn it Eastfrysk Museum yn Emden, wylst in klok út 1582 yn 1912 omraand waard, doe't de gemeente in yn 1774 getten klok út de Nikolaastsjerke fan Borssum krige. Dy klok waard yn it ramt fan in restauraasje fan 'e Borssumer tsjerke yn 2000 weromjûn. Om dy klok te ferfangen liet de gemeente noch yn itselde jier in nije klok jitte.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.
|