Tsjerke fan Midlum (Reiderlân)
De Tsjerke fan Midlum (Dútsk: Midlumer Kirche) is in evangelysk-grifformearde tsjerke yn it East-Fryske Midlum (Nedersaksen). De tsjerke is it âldste gebou fan it doarp en waard yn 'e earste helte fan 'e 13e iuw boud. De klokketoer is de skeefste toer fan 'e wrâld, mar fanwegen de ôfmjittings is it eins net in echte toer.
Tsjerke fan Midlum Midlumer Kirche | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
regio | Nedersaksen | |
lânkring | Lier | |
plak | Midlum | |
adres | Denkmalstraße | |
koördinaten | 53°17' N 7°22' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Ev.-Griff. Tsjerke yn Dútslân | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 13e iuw | |
boustyl | romaansk | |
monumintale status | Kultuermonumint | |
Webside | ||
Side tsjerklike gemeente |
Skiednis
bewurkje seksjeDe bakstiennen tsjerke waard oant it begjin of yn 'e midden fan 'e 13e iuw as ienskippige sealtsjerke mei in apsis op in terp boud. De gruttere en regelmjittige bakstiennen fan 'e klokketoer wize op in lettere bou. Yn it jier 1449 waard Midlum foar it earst neamd, doe't it plak tsjerklik ûnder de proasdij fan Hatzum foel. De gemeente gyng mei de reformaasje oer op 'e grifformearde lear.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe tsjerke hat in eastlike oriïntaasje en stiet yn it midden fan it doarp. De healrûne apsis hat noch trije rûnbôgefinsters út de romaanske tiid. Yn 'e súdlike muorre fan 'e apsis is noch in hagioskoop te sjen. By in ferbouwing fan 'e tsjerke gyng it stiennen ferwulft fan 'e apsis yn 1840 ferlern, wylst de westlike gevel hielendal fernijd waard. Yn 'e noardlike en súdlike muorre ferfongen gruttere goatyske spitsbôgefinsters de trije romaanske rûnbôgefinsters, dy't nei alle gedachten yn 'e barokke tiid by it ynbringen fan fjouwer grutte rûnbôgefinsters wer tichtmitsele waarden. Oan it muorrewurk is ek te sjen dat yn 'e lingtemuorren noch portalen sitten ha.
Opfallend is de trije ferdjippings tellende klokketoer mei it grutte tal arkades, dy't as galmgatten tsjinje. It noardlike portaal gyng mei in trep nei de boppeferdjipping, wylst de trep fan it sûdlike portaal nei de ûnderste ferdjipping late.
De Midlumer klokketoer hinget 6,74 graad út it lead. Lykas by de Aldehou fersakke de toer al by it bouwen en waard der noch besocht de bou te korrizjearjen. Yn 'e 18e iuw waard it ûnderste diel fan 'e toer tichtmitsele, dat by de restauraasje fan 'e jierren 1999-2002 wer yn oarspronklike steat brocht waard. De resten fan in trep yn it suden binne bewarre bleaun. De oarspronklike yngong wie 2,80 meter heech, mar mist tsjintwurdich hast in meter. It piramidedak is net oarspronklik. De grutte klok waard yn 1796 en de lytse yn 1961 getten.
Ynrjochting
bewurkje seksjeYn 1840 waard in houten tonferwulft yn in oarspronklik blauwe kleur ynbrocht. It eastlike diel waard troch in houten wand ôfskieden en mei in flak balkeplafond ôfsletten.
Oan 'e noardlike muorre is op it west it wapen fan dûmny Johann Rosendahl te sjen, dy't fan 1595 oant 1612 yn 'e tsjerke wurke. Yn 'e flier lizze trije 17e- en 18e-iuwske grêfsarken fan 'e dochter fan dûmny Petrejus, fan Tjakemina, de frou fan dûmny Emmius en fan dûmny Eggo Thoden van Velsen. In fjirde sark foar dûmny Johannes Tholens († 1815) waard yn 2019 fan it tsjerkhôf helle en yn 2020 yn 'e flier fan it koer eastlik fan 'e oare sarken lein. Op 'e eastlike wand is in tekst yn it Latyn skildere: Textus non fallit; multos speciosa fefilit Glossa. Dei verbo nitere hutus eris. ("De Skrift liicht net. In soad minsken binne ferret troch de ierdske taal. Hâld dy oan God's Wurd, dan bist altiten wis"). Fan it liturgysk reau is in troch dûmny Gerhard Themann skonken tsjelk út 1643 bewarre. Hy skonk ek de houten preekstoel oan 'e súdlike muorre, dy't yn 'e 18e iuw fernijd waard.
Doe't de tsjerke yn 1766 in oargel krige, waarden twa ryk fersierde banken ûnder de kreake boud. Resten fan skilderwurk út 1600, it famyljewapen fan dûmny Johan Rosendahl (1595–1612), in faas en opskriften binne by de restauraasje fan 'e tsjerke yn 1999 oan 'e noardlike muorre foar in diel foar it ljocht helle.
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel waard neffens it Nederlânsktalige opskrift oan 'e oargelkas yn 1766 boud troch Hinrich Just Müller. De oargelbouwer liet lykas yn 'e Jehannes de Dopertsjerke yn Engerhafe neffens in idee fan Arp Schnitger foar de sjeu in rêchposityf oan 'e galerij bouwe. It ynstrumint hat njoggen registers en in oanhongen pedaal en bleau foar it meast oarspronklik. Yn 1893 ferfong Johann Diepenbrock de klaviatuer en de mikstuer troch in gamba 8' en boude yn stee fan 'e keilbalge in magazynbalge yn. Yn 'e jierren 1986-1988 fierde de Krummhörner Orgelmakerij in restauraasje út.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.
|