Tsjerke fan alle Naasjes

De Tsjerke fan alle Naasjes is in roomsk tsjerkegebou op de Oliveberch by de hôf fan Getsémané yn Jerusalim, Israel. Yn de tsjerke leit yn de flier foar it alter in stik rots, dêr't fan sein wurdt dat Jezus dêr bidden hat foar Syn arrestaasje troch de romeinen (Markus 14:32-42). De tsjerke wurdt dêrom ek wol Basilyk fan de Deadseangst neamd. Fransiskanen drage de soarch foar de Tsjerke fan alle Naasjes.

Tsjerke fan alle Naasjes
bouwurk
lokaasje
lân Israel
plak Jeruzalim
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
keatling Jericho Rd.
boujier 1919-1924
arsjitekt Antonio Barluzzi
boustyl Neobyzantynske styl

De tsjerke stiet op de fûneminten fan twa foargongers: in 4e-iuwske byzantynske basilika dy't yn 746 troch in ierdskodding ferneatige waard en in 12e-iuwske krúsfarderskapel dy't yn 1345 bûten gebrûk rekke.

Yn 1920, by it wurk foar de fûneminten foar de hjoeddeiske tsjerke, waard twa meter djip in pylder fûn fan de midsiuwske krúsfarderskapel. Ek binne fragminten fan in mozayk fûn. Nei dy fynsten liet de arsjitekt fuortendaliks de nije fûneminten ferwiderje om opgravings út te fieren. Nei't de resten fan de byzantynske tsjerke hielendal bleatlein wiene, waarden de plannen foar de nije tsjerke oanpast. De bou fan de hjoeddeiske tsjerke duorre fan 19 april 1922 oant juny 1924, doe't de konsekraasje plakfûn.

De tsjerke waard mei jild út tolve ferskate lannen boud. De wapens fan dy lannen binne yntegrearre yn de ferwulften fan de tsjerke, elts yn in eigen lytse koepel, en ek yn de mozaiken fan de tsjerke. Fan east nei west begjinnend fanôf de noardlike apsis (fan it alter oant de yngong) binne dat: Argentynje, Brazylje, Sily, Meksiko; yn it midden fan de tsjerke: Itaalje, Frankryk, Spanje en it Feriene Keninkryk; en rjochts: Belgje, Kanada, Dútslân en de Feriene Steaten fan Amerika.

De jeften út al dy ferskillende lannen droegen by oan de namme fan it godshûs: Tsjerke fan alle Naasjes.

Keppeling om utens

bewurkje seksje