Tsjerke fan de Fermannichfâldiging fan de Bôle
De Tsjerke fan de Fermannichfâldiging fan de Bôle en Fisk, koartwei de Fermannichfâldigingstsjerke, is in roomske tsjerke yn Tabgha, oan de noardwestlike kant fan de Mar fan Tiberias yn Israel. De moderne tsjerke stiet op it plak fan twa âldere foargongers.
Fermannichfâldingstsjerke | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Israel | |
plak | Tabgha | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1980-1982 | |
arsjitekt | Anton Goergen en Fritz Baumann | |
boustyl | Neo-byzantynske styl |
Skiednis
bewurkje seksjeEarste tsjerke
bewurkje seksjeDe earste tsjerke waard om it jier 350 boud.
Twadde byzantynske tsjerke
bewurkje seksjeYn it jier 480 waard de tsjerke in stik grutter makke. Ek krige de tsjerke fliermozayken. De ferbouwing wurdt taskreaun oan de patriarch Martyrius fan Jeruzalim. Yn 614 ferneatigen de Perzen de byzantynske tsjerke.
Undersyk 19e en 20e iuw en hjoeddeiske tsjerke
bewurkje seksjeNei de ferneatiging fan 614 rekke it plak foar mear as 1300 jier yn it ferjitten. De Dútske feriening Palästina-Verein der Katholiken Deutschlands koe it plak yn 1888 bemachtigje en yn 1892 sette it earste ûndersyk útein folge troch mear opgravingen yn 1932 en 1936. Dy opgravings resultearren yn it ûntdekken fan de mozaykflierren fan de 5e-iuwske tsjerke, dy't neffens it ûndersyk boud wie op de fûneminten fan in folle lytsere 4e-iuwske kapel.
De hjoeddeiske yn byzantynske styl ûntwurpen tsjerke en waard tusken 1980 en 1982 troch de Keulse arsjitekten Anton Goergen en Fritz Baumann op de 5e-iuwske fûneminten boud. Op guon plakken binne noch de âlde swarte muorren fan basalt fan de âlde tsjerke te sjen. De ljochte kalkstien fan it moderne gebou binne ôfkomstich út it kristlike doarp Taiyiba oan de wei fan Jericho nei Ramallah. It iepen dakstuolte waard út Dútslân helle en de reade tegels út Itaalje. It portaal fan de tsjerke waard troch de Dútske byldhouwer Elmar Hillebrand foarmjûn.
Oanslach
bewurkje seksjeFolgjend op in rige fan oanslaggen op kristlike doelen troch ekstremistyske joaden waard op 17 juny 2015 in oanslach op de tsjerke dien. Troch de brânstifting moasten in muonts en in frijwilliger yn it sikenhûs behannele wurde foar reekfergiftiging. It diel fan de tsjerke by de yngong rekke slim skeind en de kleasterpoarte mei it súdlike diel fan it atrium folslein ferwoastge. Ek waard it gebou bekladdere mei anty-kristlike gjalpen. De Israelyske autoriteiten neamden it in terroristyske oanslach en arrestearren jonge kolonisten, dy't by de militante organisaasje Noar haGvaot hearden. De restauraasje en rekonstruksje duorre hast twa jier en bedroech likernôch 1 miljoen euro.[1][2] [3][4].
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe trijeskippige tsjerke hat in transept oan beide kanten en einiget mei in apsis.
Under it alter leit in by de opgravings bleatlein stik rots dat fereard wurdt as it plak dêr't Jezus nei de wûnderlike fiskfangst mei de apostels iten hawwe soe (Jehannes 21).
De restaurearre 5e iuwske mozaïeken meitsje de tsjerke ek foar net-kristenen it besjen wurdich. It binne de âldst bekende foarbylden fan figurative fliermozaiken fan kristlike keunst yn it Hillige Lân. De mozaiken stelle benammen wetterfûgels en -planten út Galiléa foar, mar prominint oanwêzich is ek de Lotusblom, dy't yn dy kontrijen net lânseigen is. It ûntdutsen mozaik foar it alter lit in koer mei stikken bôle sjen mei oan wjerskanten in fisk.
Fan de byzantynske tsjerke binne yn de moderne tsjerke lofts fan de yngong nei it atrium âlde basalten tegels en in diel fan it apsisfries te sjen. De fûneminten fan de oarspronklike 4e-iuwske tsjerke kinne ûnder glês rjochts fan it alter sjoen wurde.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Church of the Multiplication Bible Walks
|