Hillige Marije- en Sint-Paulus fan Tebe-tsjerke

De Hillige Marije- en Sint-Paulus fan Tebe-tsjerke yn Hilaard is de tsjerke fan de Koptyske-otterdokse mienskip yn Fryslân. De tsjerke falt ûnder it Koptysk Otterdokse Bisdom fan Nederlân.

Hillige Marije- en Sint-Paulus fan Tebe-tsjerke
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert
plak Hilaard
koördinaten 53° 09' N 5° 42' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Koptysk-Otterdokse Tsjerke
Arsjitektuer
boujier 1888
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 8496 [1]
Webside
Side Koptysk-otterdokse tsjerke Hilaard
Kaart
Hillige Marije- en Sint-Paulus fan Tebe-tsjerke (Fryslân)
Hillige Marije- en Sint-Paulus fan Tebe-tsjerke

Skiednis bewurkje seksje

It tsjerkegebou waard yn 1888 foar de grifformearde gemeente boud en rekke mei de foarming fan in SOW-gemeente oerstallich.

 

De grifformearde tsjerke hold in tsjerklike funksje mei de oername fan it gebou yn 2000 troch de Koptysk Otterdokske Tsjerke. Foar de nije eigner is it ynterieur oanpast oan de koptyske earetsjinst. Sûnt 10 oktober 2008 foarmet de Fryske koptyske gemeente in selsstannige gemeente.

Op 4 maaie 2015 kaam de koptyske paus Tawadros II nei Hilaard om de tsjerke yn te wijen. De wijing fan de tsjerke troch de paus wurdt mei in plakette oan de rjochter kant fan de yngong betocht.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: