Tsjerke fan de Hillige Martinus de Belider (Moskou)

De Tsjerke fan de Hillige Martinus de Belider (Russysk: Церковь Святого Мартина Исповедника; Tsjerkov Svjatogo Martina Ispovednika) is in otterdokse tsjerke yn Moskou, Ruslân. De tsjerke stiet oan 'e Ulitsa Aleksandr Solzjenitsyn yn it tsjintwurdige stedsdiel Tanganksi, dat ea ûntstie út de sloboda Taganskaja, in delsetting fan gieljitters.

Martinustsjerke
Lokaasje
lân Ruslân
plak Moskou
adres Ul. Aleksandr Solzjenitsyn
koördinaten 55° 44' N 37° 39' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Russysk-Otterdokse Tsjerke
Arsjitektuer
arsjitekt Rodion Rodionovitsj Kazakov
boujier 1792-1806
boustyl Klassisisme
monumintale status Monumint fan federaal belang
monumintnûmer 7710322000
Webside
st-martin.moseparh.ru
Kaart
Tsjerke fan de Hillige Martinus de Belider (Moskou)
Tsjerke fan de Hillige Martinus de Belider

De tsjerke falt ûnder it Pokrovskoje dekanaat fan it bisdom Moskou. It haadalter fan 'e tsjerke is wijd oan 'e Himelfeart en hat twa kapellen, dêr't ien fan wijd is oan de hillige paus Martinus, dêr't de tsjerke nei ferneamd waard.

Unbekend is wannear't dêr foar it earst in tsjerke stie, mar nei alle gedachten stie der al yn 1502 in tsjerke op it plak. Foar it earst waard dy tsjerke yn 1625 neamd.

De hjoeddeiske Martinustsjerke waard tusken 1792 en 1806 boud en hie slim te lijen fan 'e brân fan Moskou yn 1812 en de restauraasje dêrfan duorre oant 1821. De tsjerke wie in simmertsjerke en krige pas yn 1904 ferwaarming om ek winterdeis de earestsjinst fiere te kinnen.

Nei't de bolsjewiken oan 'e macht kamen ferlear de tsjerke it liturgysk reau en yn 1931 waard de tsjerke sletten. It bouwurk tsjinne yn de Sovjet-tiid as argyf foar in filmstudio, dêrnei brûkte in organisaasje dy't him dwaande hold mei Russyske publikaasjes de tsjerke en sûnt de jierren 1980 wie der in computersintrum fan in Moskous ûndersykynstitút ûnderbrocht.

Yn 1996 krige de Russysk-Otterdokske Tsjerke it gebou werom. Op 28 maaie 1998 fersoarge patriarch Aleksius II de grutte konsekraasje fan 'e tsjerke.

De tsjerke heart ta de moaiste foarbylden fan klassisistyske arsjitektuer yn Moskou en waard boud yn 'e foarm fan in latynsk krús. De haadkoepel fan 'e tsjerke hat in trochsnit fan 17 meter. De hoeken fan 'e sintrale bou drage fjouwer koepels, dy't in stik lytser binne. Oan 'e westlike kant fan 'e tsjerke stiet in trije ferdjippings en 60 meter hege klokketoer, dy't oant de jierren 1820 noch frijsteand wie.

Yn 'e tsjerke binne de muorrefresko's fan Antonio Claudio bewarre bleaun.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Церковь Святого Мартина Исповедника