Tsjerke fan de Hillige Martlers Leauwe, Hope en Leafde en harren mem Sofia (Moskou)

De Tsjerke fan de Hillige Martlers Leauwe, Hope en Leafde en harren wize mem Sofia (Russysk: Храм Святых мучениц Веры, Надежды, Любови и премудрой матери их Софии) is in tsjerkegebou yn 'e Russyske haadstêd Moskou. De tsjerke waard wijd oan de hillige Sofia en har, nei de trije kristlike deugden ferneamde, dochters dy't ûnder keizer Hadrianus de martlersdea ferstoaren, om't hja wegeren oan 'e goaden fan 'e keizer te offerjen. It tsjerkegebou stiet yn it súdwestlik okrûg (stedsdistrikt) fan Moskou oan 'e krusing fan 'e Leninski Prospekt en de Ulitsa Mjklûcho-Mahlaja.

Tsjerke fan de Hillige Martlers Leauwe, Hope en Leafde en harren mem Sofia

Храм Святых мучениц Веры, Надежды, Любови и премудрой матери их Софии

Lokaasje
lân Ruslân
plak Moskou
adres krusing Leninsky Prosp./Ul. Mjklûcho-Mahlaja (Ленинский проспект/Улица Миклухо-Маклая)
koördinaten 55° 39' N 37° 29' E
Arsjitektuer
arsjitekt A.A. Anisimov
boujier 2011-2012
Kaart
Tsjerke fan de Hillige Martlers Leauwe, Hope en Leafde en harren mem Sofia (Moskou-Ringwei)
Tsjerke fan de Hillige Martlers Leauwe, Hope en Leafde en harren mem Sofia

Yn de moannen febrewaris-april 2011 waarden de fundearings foar de nije tsjerke lein.

De tsjerke falt ûnder it bisdom Moskou fan 'e Russysk-Otterdokske Tsjerke en waard boud op fersyk fan 'e âlders fan 'e pasjinten fan it "Nasjonaal Medysk Undersykssintrum fan pediatryske hematology, onkology en ymmunology Dmitry Rogachev", in klinyk dy't spesjalisearre is yn it behanneljen fan in tal earnstige bernesyktes.

Ynterieur

By de dekoraasjes fan 'e tsjerke hawwe de arsjitekten en keunstners rekken holden mei de jonge parochianen fan 'e tsjerke. Op in foar bern begryplike wize wurde de wichtichste ferhalen út de evangeeljes werjûn. De muorren fan 'e narteks lieten de keunstners lykwols keal, om se te reservearjen foar wurk fan 'e bern sels. Foar dat doel makken bern 30 tekenings oer it Skeppingsferhaal en dy tekenings binne mei help fan 'e keunstners troch de bern op 'e muorren as mozaïken of muorreskilderings oanbrocht.

Op 2 septimber 2012 fersoarge de patriarch fan Moskou en hiel Ruslân Kirill II de grutte wijing en de godlike liturgy fan 'e nije tsjerke.

De tsjerke is allinne tagonklik foar de pasjinten en harren âlders en artsen en frijwilligers fan 'e klinyk. Om ynfeksjes tefoarren te kommen is de tsjerke foar oaren sletten.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: